Oerlis:Ûntwikkelingslân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Daam (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 2:
:{{Ping|Drewes}} Nee, datoangeande is der neat feroare by de lêste staveringsferoaring. In miste kâns, nei myn miening, want it is eins net út te lizzen dat je by lytse letters kapkes en skerptekens skriuwe, mar dat dy by haadletters dan ynienen ferdwine. Gjin inkele oare taal docht dat (ynsafier't my bekend is). Ik haw der jierren lyn ris nei fernommen by de Afûk, en dêr seine se doe dat it yn prinsipe yn gjin inkele sitewaasje neffens de regels fan 'e stavering wie, mar dat it wol in protte dien waard as ALLE LETTERS DOCHS AL MEI HAADLETTERS SKREAUN WURDE, YN TITELS EN SA. [[Meidogger:Ieneach fan 'e Esk|Ieneach fan 'e Esk]] ([[Meidogger oerlis:Ieneach fan 'e Esk|oerlis]]) 8 jul 2017, 21.09 (CEST)
:P.S.: Yn gefallen dêr't it om 'e earste letter fan in wurd giet, lykas hjir by 'ûntwikkelingslân', moatte wy fansels wol de foarm 'Ûntwikkelingslân' trochwize nei 'Untwikkelingslân', om't je oars by in link yn 'e tekst hieltyd <nowiki>[[Untwikkelingslân|ûntwikkelingslân]]</nowiki> skriuwe moatte. [[Meidogger:Ieneach fan &#39;e Esk|Ieneach fan &#39;e Esk]] ([[Meidogger oerlis:Ieneach fan &#39;e Esk|oerlis]]) 8 jul 2017, 21.13 (CEST)
::https://onzetaal.nl/taaladvies/accenten-op-hoofdletters
 
::Aksinten op haadletters hawwe nea ferbean west. Dat it hiel lang net dien waard hie te krijen mei dat it yn de leadsetterij simpelwei ûnmooglik wie.
 
::Hjoeddedei kin technysk sjoen sawat alles. Mar… in tekst moat ek noch noflik te lêzen wêze en it tal lettertypen dat dy diakrityske tekens op haadletters wat fatsoenlik har gerak jouwe is tige beheind. It wurde almeast eilantsjes dy’t fier fan de fêstewâl ôfdreaun binne óf se krûpe de mem sa bot oan dat jo net oars as konkludearje kinne dat mem slim mishannele is.
 
::No binne der dus twa streamings: 1) Ut ûnderwiiskundich eachweid altyd diakrityske tekens brûke, en 2) Diakrityske tekens op haadletters allinnich brûke as dat ek typografysk (en dus foar de eagen) ferantwurde is.
 
::Der binne alsa twa ‘wetten’ dy’t inoar net al te bêst ferdrage. Jo soene hast werom wolle nei de leadsetterij… (dêrmei bin ik wol yn in streaming te pleatsen, tink ik) [[Meidogger:Daam|romke fan tomke (daam)]] ([[Meidogger oerlis:Daam|oerlis]]) 8 jul 2017, 21.57 (CEST)
Werom nei de side "Ûntwikkelingslân".