Holhoarnigen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
No edit summary
Rigel 41:
| beskriuwer, jier = [[John Edward Gray|Gray]], 1821
}}
De '''holhoarnigen''' ([[wittenskiplike namme]]: ''Bovidae'') foarmje in [[famylje]] fan krapoan 140 [[soarte|bistensoartenbistesoarten]] fan 'e [[klasse]] fan 'e [[sûchdieren]] (''Mammalia'') en it [[skift]] fan 'e [[evenhoevigen]] (''Artiodactyla''), dêr't û.o. de [[ko]], it [[skiep]] en de [[geit]] ta hearre. Holhoarnigen ûnderskiede harren troch (alteast by de mantsjes) karakteristike, oer it algemien kromme [[hoarnen]] sûnder fertakkings dy't bedutsen binne troch in permaninte laach [[keratine]]. De famylje is tige wiid ferspraat, mei ûnderskate soarten dy't lânseigen binne yn [[Aazje]], [[Afrika]], [[Jeropa]] en [[Noard-Amearika]].
 
De holhoarnigen binne frijwol allegearre [[herbivoar|herbivoaren]], útsein de measte [[duikers|duiker]]soarten, dy't [[omnivoar]] binne. Yn grutte rinne de holhoarnigen útinoar fan 'e [[gaur]], in wyld [[kobisten|kobist]] út Aazje, dat in skofthichte fan 2,2 m hat, oant de [[dwerchantilope]], dy't sa'n 3 kg weaget en like grut is as in [[hûskat]]. Se libje yn in ferskaat oan biotopen, fan [[woastyn]] en [[toendra]] oant [[tropysk reinwâld]].