Oerlis:Ûntwikkelingslân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Daam (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 13:
 
:::{{Antw|Daam|label=romke fan tomke (daam)}}: Tsja, Daam. Dat is in aardich stikje, dêr't jo hjir nei ferwize, mar dit giet oer it Nederlânsk en hat yn prinsipe neat mei de offisjele stavering fan it Frysk te meitsjen. Los dêrfan sjoch ik op dit mêd dúdlike ferskillen tusken it Nederlânsk en it Frysk, mei't diakrityske tekens yn it Nederlânsk yn prinsipe inkeld brûkt wurde as lêsteken ("één" ynstee fan "een", beide goed) wylst yn it Frysk diakrityske tekens it ferskil tusken letters meitsje ("bûk" ynstee fan "buk", ferskillende wurden). It sil bêst wier wêze dat it foarhinne typografysk dreech wie om kapkes en skerptekens op haadletters te setten, en dat sil dan ek de reden wêze dat it Frysk dêr op in stuit fanôf stapt is. Mar sa't jo sels sizze, tsjintwurdich is der neat dreechs mear oan, dat ik snap net dat de Fryske Akademy dizze ynkonsekwinte saak by de lêste staveringsferoaring net even rjochtlutsen hat. En boppedat hawwe it Frânsk mei de É en Slavyske talen mei de Š en Č ensfh., it Portegeesk mei de Ã, en gean sa mar troch, ek altyd diakrityske tekens op haadletters skreaun al hoe typografyske dreech oft dat ek wie. [[Meidogger:Ieneach fan 'e Esk|Ieneach fan 'e Esk]] ([[Meidogger oerlis:Ieneach fan 'e Esk|oerlis]]) 8 jul 2017, 22.18 (CEST)
::::Wat ik yn de gauwichheid op de ynterwebs lês is dat it yn it Frânsk ek mear wizânsje is se wei te litten as om se te brûken. Mar dat ‘terzijde’. Ik begryp de taalleararguminten wol. Is ek neat mis mei. Mar elke taal hat syn eigenaardichheden (en yn dit gefal dan faaks stimulearre troch de leadsetterij). Om my mochten dizze eigenaardichheden lykwols wol sa bliuwe want ik bin fan miening dat opheffen fan dy ynkonsekwinsje it wurdbyld slim ferinnewearret. Dat se in beheining binne om de taal goed te brûken of oer te dragen kin wier wêze mar dat tsjut bin ik bang benammen op de swakke posysje fan dy taal. [[Meidogger:Daam|romke fan tomke (daam)]] ([[Meidogger oerlis:Daam|oerlis]]) 8 jul 2017, 22.43 (CEST)
Werom nei de side "Ûntwikkelingslân".