Lúksemboarchsk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Mysha (oerlis | bydragen)
L Ik haw it tal dialekten wat oars opnaam.
No edit summary
Rigel 1:
{{stobbe|taal}}
{{Taaltabel|
namme = Lúksemboarchsk|
Line 23 ⟶ 22:
}}
It '''Lúksemboarchsk''' is in [[taal]] dy't benammen sprutsen wurdt yn it [[Lúksemboarch (lân)|Gruthartochdom Lúksemboarch]]. Fierders wurde ek dialekten fan it Lúksemboarchsk sprutsen yn parten fan [[Belgje]], [[Frankryk]] en [[Dútslân]].
 
== Status ==
Yn 1984 waard it Lúksemboarchsk as 'nasjonale taal' erkend. It is neist [[Dútsk]] en [[Frânsk]] de tredde offisjele taal fan it lân [[Lúksemboarch]]. In earste offisjele stavering fan it Lúksemboarchsk, de saneamde OLO-stavering (''ofizjel lezebuurjer ortografi''), waard yn 1946 sûnder in protte súkses ynfierd.<ref>[http://www.legilux.public.lu/leg/a/archives/1946/0400709/index.html ''Mémorial A'' no. 40] (7 September 1946), p. 637-641: "Arrêté ministériel du 5 juin 1946 portant fixation d'un système officiel d'orthographe luxembourgeois".</ref> Mei mear súkses waard yn 1975 in earste stavering formeel fêstlein<ref>''Mémorial B'' no. 68 (16 November 1976), p. 1365-1390: "Arrêté ministériel du 10 octobre 1975 portant réforme du système officiel d'orthographe luxembourgeoise".</ref> en yn 1999 folge dêr in staveringswiziging op.<ref>[http://www.legilux.public.lu/leg/a/archives/1999/1121108/index.html ''Mémorial A'' no. 112] (11 August 1999), p. 2040-2048: "Règlement grand-ducal du 30 juillet 1999 portant réforme du système officiel d'orthographe luxembourgeoise".</ref> Yn 1999 waard ek de ''Conseil permanent de la langue luxembourgeoise'' oprjochte (Permaninte Ried foar de Lúksemboarchske Taal).<ref>Das offizielle Internetportal des Großherzogtums Luxemburg: [http://www.luxembourg.public.lu/de/le-grand-duche-se-presente/luxembourg-tour-horizon/langues-et-letzebuergesch/index.html Sprachen und Lëtzebuergesch]</ref>
 
=== Domeinen ===
Op 'e radio en telefyzje is it Lúksemboarchsk de meast brûkte taal. Hoewol't der yn de lêste desennia mear boektitels yn it Lúksemboarchsk ferskynden, binne de measte boeken yn de Lúksemboarger boekhannels yn it Dútsk. Yn kranten binne sa'n 65% fan de artikelen yn it Dútsk, 25% yn it Frânsk en 10% yn it Lúksemboarschk. As bestjoerstaal en rjochtstaal wurde it Lúksemboarchsk, Dútsk en Frânsk neist elkoar brûkt. Wetten wurde yn Lúksemboarch allinnich yn it Dútsk fêstlein.<ref>Das offizielle Internetportal des Großherzogtums Luxemburg: [http://www.luxembourg.public.lu/de/le-grand-duche-se-presente/luxembourg-tour-horizon/langues-et-letzebuergesch/index.html Sprachen und Lëtzebuergesch]</ref> Op skoallen wurde de bern opfongen yn it Lúksemboarchsk en meitsje yn de basisskoaltiid it Dútsk eigen. Hoe fierder de bern yn it fuortset ûnderwiis komme, hoe mear de fakken yn it Frânsk jûn wurde. It Lúksemboarchsk is gjin offisjele amtstaal fan de [[Europeeske Uny]].
 
=== Yntegraasje ===
Omdat 47,7% (2017) fan de Lúksemboargers fan bûtenlânske komôf is,<ref>[http://www.statistiques.public.lu/stat/TableViewer/tableView.aspx?ReportId=12858&IF_Language=fra&MainTheme=2&FldrName=1 Le Portail des Statistiques]</ref> stiet it Lúksemboarchsk ûnder druk. Benammen yn Lúksemboarch-Stêd binne in protte minsken út [[Belgje]] en [[Frankryk]] dy't gjin Lúksemboarchsk prate kinne. Dêrneist binne der in protte Portugezen yn Lúksemboarch dy't wol it Frânsk machtich binne, mar net it Lúksemboarchsk. Yn 2016 waard op ynternet in petysje opsetten om it Lúksemboarchsk as earste taal yn Lúksemboarchsk te brûken.<ref>Luxemburger Wort: [https://www.wort.lu/de/politik/luxemburgisch-als-erste-amtssprache-petition-698-bricht-alle-rekorde-580de9775061e01abe83adea# etition 698 bricht alle Rekorde ]</ref> Yn maart 2017 kaam it Lúksemboarchske regear mei in plan om de posysje fan it Lúksemboarchsk te ferbetterjen.<ref>Luxemburger Wort: [https://www.wort.lu/de/politik/40-punkte-liste-fuer-die-luxemburgische-sprache-opposition-kritisiert-foerderplaene-58c98908a5e74263e13ac0c0 Opposition kritisiert Förderpläne]</ref>
 
{{boarnen|boarnefernijing=
<references/>
}}
 
[[Kategory:Westgermaanske talen]]