Lúksemboarchsk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
No edit summary
Rigel 22:
}}
It '''Lúksemboarchsk''' is in [[taal]] dy't benammen sprutsen wurdt yn it [[Lúksemboarch (lân)|Gruthartochdom Lúksemboarch]]. Fierders wurde ek dialekten fan it Lúksemboarchsk sprutsen yn parten fan [[Belgje]], [[Frankryk]] en [[Dútslân]].
 
== Klassifikaasje ==
It Lúksemboarchsk is ûnderdiel fan de Mûzelfrankyske dialektkloft dy't ek yn it Saarlân en de regio Trier praat wurdt. Op it mêd fan grammatika, wurdskat en lûdlear komt it Lúksemboarchsk sterk oerien mei de oare Mûzelfrankyske farianten yn Dútslân, sadat der sprake is fan in [[dialektkontinuum]]. Mei it Ripûardysk en Rynfrankysk foarmet it Mûzelfrankysk de westlike groep fan de Middeldútske dialekten. It Mûzelfrankysk wykt net bot ôf fan de oare Middeldútske dialekten. Sadwaande is der gjin sprake fan in aparte taal op basis fan taalôfstân. Lykwols hat it Lúksemboarchsk wol in dúdlik Frânsk substraat; sa likernôch 5.000 wurden út it Frânsk binne opnommen yn it Lúksemboarchsk.
 
== Fersprieding ==
[[Ofbyld:Luxemburgs.png|thumb|Taalgebiet fan it Lúksemboarchsk]]
It Lúksemboarchsk wurdt benammen yn Lúksemboarch sprutsen troch sa'n 70% fan de befolking. Yn Lúksemboarch-Stêd is lykwols 70% fan bûtenlânske komôf sadat it Lúksemboarchsk dêr yn 'e praktyk in minderheidstaal is.<ref>Tagesschau.de: [https://www.tagesschau.de/ausland/luxemburg-119.html Luxemburgs Sorge um die Identität]</ref>
 
Yn de Belgyske regio [[Walloanje]] binne twa gebieten dêr't Lúksemboarchsk praat wurdt. Westlik fan it lân Lúksemboarch wurdt yn de regio Aarlen noch Lúksemboarch praat troch de âldere generaasje. Noardlik fan it lân Lúksemboarch wurdt yn de regio Sankt Vith, ûnderdiel fan de Dútsktalige Mienskip yn Belgje, Lúksemboarchsk praat.
 
Yn Dútslân wurdt de taal benammen yn de westlike [[Eiffel]] praat, om it plak [[Bitburg]] hinne. Yn Frankryk wurdt it Lúksemboarchsk yn de regio Thionville (Diedenhoven) allinnich troch de âldere generaasje brûkt.
 
== Status ==
Line 30 ⟶ 41:
 
=== Yntegraasje ===
Omdat 47,7% (2017) fan de Lúksemboargers fan bûtenlânske komôf en oarstalich is,<ref>[http://www.statistiques.public.lu/stat/TableViewer/tableView.aspx?ReportId=12858&IF_Language=fra&MainTheme=2&FldrName=1 Le Portail des Statistiques]</ref> stiet it Lúksemboarchsk ûnder druk.<ref>Tagesschau.de: [https://www.tagesschau.de/ausland/luxemburg-119.html Luxemburgs Sorge um die Identität]</ref> Benammen yn [[Lúksemboarch (stêd)|Lúksemboarch-Stêd]] binne in protte minsken út [[Belgje]] en [[Frankryk]] dy't gjin Lúksemboarchsk prate kinne. Dêrneist binne der in protte Portugezen yn Lúksemboarch dy't wol it Frânsk machtich binne, mar net it Lúksemboarchsk. Yn 2016 waard op ynternet in petysje opsetten om it Lúksemboarchsk as earste taal yn Lúksemboarchsk te brûken.<ref>Luxemburger Wort: [https://www.wort.lu/de/politik/luxemburgisch-als-erste-amtssprache-petition-698-bricht-alle-rekorde-580de9775061e01abe83adea# etition 698 bricht alle Rekorde ]</ref> Yn maart 2017 kaam it Lúksemboarchske regear mei in plan om de posysje fan it Lúksemboarchsk te ferbetterjen.<ref>Luxemburger Wort: [https://www.wort.lu/de/politik/40-punkte-liste-fuer-die-luxemburgische-sprache-opposition-kritisiert-foerderplaene-58c98908a5e74263e13ac0c0 Opposition kritisiert Förderpläne]</ref>
 
== Taalpriuwke ==
[[Universele Ferklearring fan de Rjochten fan de Minske]], kêst 1:
 
:All Mënsch kënnt fräi a mat deer selwechter Dignitéit an dene selwechte Rechter op d’Welt. Jiddereen huet säi Verstand a säi Gewësse krut an soll an engem Geescht vu Bridderlechkeet denen anere géintiwwer handelen.
:[[Ofbyld:Universal Declaration of Human Rights - lb - ll - Art1.ogg]]
:Alle minsken wurde frij en gelyk yn weardigens en rjochten berne. Hja hawwe ferstân en gewisse meikrigen en hearre har foar inoar oer yn in geast fan bruorskip te hâlden en te dragen.
 
[[Ofbyld:Webwalking-kriipsewe.ogv|thumb|thumbtime=16.1|rigtht|''De Kriipswée'' – De krabbewei – fan Franz Binsfeld]]
{| class="wikitable"
|-
! '''Lúksemboarchsk'''
! '''Dútsk'''
! '''Frânsk'''
! '''Frysk'''
|-
| moien || guten Morgen, guten Tag || bonjour || goeiedei
|-
| äddi || ade || adieu || hoi
|-
| wann ech gelift || bitte || s'il vous plaît || as jo wolle
|-
| merci || danke || merci || tanke wol
|-
| Lëtzebuerg || Luxemburg, Lützelburg || Luxembourg || Lúksemboarch
|-
| jo || ja || oui || ja
|-
| nee(n) || nein || non || nee
|-
| dacks || oft || souvent || faak
|-
| propper || sauber || propre || skjin
|-
| Prabbli, Präbbeli || Regenschirm || parapluie || paraplu
|-
| Forschett || Gabel || fourchette || foarke
|-
| Kanner || Kinder || enfants || bern
|-
| Strooss || Straße || rue || strjitte
|-
| Informatioun || Information || information || ynformaasje
|-
| Pabeier || Papier|| papier || papier
|-
| Nanzeg || Nancy, Nanzig || Nancy || Nancy
|-
| Paräis || Paris || Paris || Parys
|-
| Bréissel || Brüssel || Bruxelles || Brussel
|}
 
{{boarnen|boarnefernijing=