Fiversburch: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
No edit summary
Rigel 2:
[[Ofbyld:Fiversburch yn 1926.jpg|thumb|Fiversburch yn 1926]]
[[Ofbyld:Stichting Toutenburg Zwarte -wegsend.jpg|thumb|''Stichting Toutenburg'', Swarteweisein]]
'''Fiversburch''' is it bûten ûnder [[Tytsjerk]]. It is foar de 19e iuw boud yn [[Ryptsjerk]], mar is yn 1970 is by Tytsjerk kaam doe't de Rykswei Ljouwert-Grins de grins tusken dy twa doarpen waard.
[[Ofbyld:Vijversburg.Overtuin.nr1.jpg|thumb|left|Keunstwurk ''De kelktsjelk'' yn de [[oertún]] fan Fiversburch]]
== Age Ypey ==
Yn 1808 kocht de begoedige Age Looxma dit bûten. Syn dochter Baudina boaske de artsdokter [[Nicolaas Ypey]]. Se krigen in soan, [[Age Looxma-Ypey]] dy't frijfeint bleaun,bleau en yn syn testamint út [[1892]] bepaalde dat syn totale besit, dat rûsd waard op mar leafst fl. 1.500.000,-, ûnderbrocht wurde soe yn in stifting. De wichtichste bepaling yn it testamint wie wol dat "âldere behoeftigen út de doarpen Ryptsjerk, Tytsjerk en [[Hurdegaryp]] yn 20 te bouwen wenningen harren âlde deiâldedei trochbringe meie". Oant hjoed-de-dei binne de huzen bewenne. Om't de oerheid no de soarch foar de âlderein op him naam hat, binne it net mear allinnich âlden fan dagen dy't der wenje meie, mar wurde de wenningen normaal ferhierd troch de trije reginten dy't it behear útoefenje oer de "Stifting op Toutenburch" yn [[Swarteweisein]].
 
== Bosk fan Ypey ==
It park fan it bûten is bekend as de bosk fan Ypey. Ek dit is besit fan de Stichting op Toutenburch. It park is oanlein troch [[Lucas Pieters Roodbaard]]. Yn it park stiet in fraaie teekoepel, en hat in grot en in oranzjery.
 
Der wurde geregeld tentoanstellings holden yn it park. It is de bedoeling om der in grut keunstpark fan te meitsjen. Op 18 maart 2005 waard de nije tagongspoarte iepene. Omdat it park doe ek fergrutte wie, hjit it no Grut Fiversburch. Yn 2014 waard út ein set mei it gergrutsjen fan it park (nei 30 ha.), ûnder oare mei in besikerssintrum neffens in ûntwerp fan Junya Ishigami en Studio MAKS, en in ekstra yngong út rekreaasjegebiet [[De Groene Ster]] wei. Foar in kuier troch it park moat men no betelje.
{{clear}}
== Keppelings om utens ==