Petrustsjerke (Garyp): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 36:
De tsjintwurdige tsjerke ferfong in midsiuwske tsjerke, dy't nei in stoarm yn 1834 net mear renovearre wurde koe. Oan de tsjerke hat sûnt de bou yn de jierren 1834-1838 fierder gjin feroaring mear plakfûn.
 
Yn 1887 keazen dûmny J. Wisse en de tsjerkeried foar de tsjerke-oarder fan 1619 en dêrmei waard Garyp in [[Doleânsje|dolearjende]] gemeente. It rjochtsinnige Garyp loek lykwols oan it koartste ein oer it behâld fan de tsjerke en moasten nei in rjochtsaak it gebou ôfstean en in eigen tsjerke bouwe.
 
Sûnt 1993 foarmen de Garypster grifformearden en herfoarmen in Samen-op-Weg-gemeente, dy't yn 2004 oergyng yn in federaasje. Sûnt 2004 foarmje de eardere herfoarme en grifformearde gemeente ien [[PKN]]-gemeente.
 
== Ynterieur ==