Henk Wolf: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 30:
 
==Ungemak==
Op [[5 april]] [[2015]] ried Wolf yn syn [[Jeep]] fanút [[Aldegea (Smellingerlân)|Aldegea]] by [[Garyp]] lâns, doe't der in [[merkel]] troch syn foarrút fleach en him mei de [[snaffel]] of ien fan 'e [[poat]]en yn it [[each|rjochtereach]] ferwûne. Hy hie lokkigernôch noch de tsjintwurdichheid fan geast om 'e [[auto]] útrôlje te litten. Nei't foarbygongers in [[ambulânse]] skille hiene dy't him nei it [[sikehûs]] yn [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]] ta brocht, waarden by in operaasje fearkes en glêssplinters út it each helle. Nei noch in operaasje yn it [[Universitêr Medysk Sintrum Grins|akademysk sikehûs]] yn [[Grins (stêd)|Grins]] krige Wolf te hearren dat er foargoed [[blinens|blyn]] wêze soe yn syn rjochtereach. In moanne letter begûn er lykwols wer ljocht en kleurflakken te sjen, mei't syn [[netflues]] út himsels begûn op te betterjen. De [[dokter]]s stiene foar in riedsel en neamden it in medysk wûnder. ''"Bizar, jong,"'' sei Wolf sels yn in fraachpetear mei [[Asing Walthaus]] fan 'e ''[[Ljouwerter Krante]]'', ''"Sa skerp as myn linkereach sil it net mear wurde, en myn rjochtereach hat muoite mei it waarnimmen fan 'e kleur grien."'' Wolf hat no in [[kontaktlins]] fan +14, en moat bûtendoar in dûnkere [[sinnebril]] op hawwe om mooglike [[ultrafiolet|UV]]-skea foar te kommen.<ref>Walthaus, Asing, ''Bijna blind gemaakt door meerkoet'', yn: de ''Ljouwerter Krante'', 5 augustus 2015.</ref>
 
== Wurk ==