Kiuw: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
kt
Rigel 1:
[[File:Tuna Gills in Situ 01.jpg|right|thumb|250px|De kiuwen fan in (slachte) [[tonyn]], fan efteren sjoen.]]
In '''kiuw''', foarhinne [[stavere]] as '''kieu''', is ien fan in pear gelikense [[orgaan|organen]] om mei te [[sykheljen]], dy't foarkomme by in protte [[bisten]] dy't yn it [[wetter]] libje. De funksje fan dizze organen, dy't ornaris fuort efter de [[kop]] oan wjerskanten fan it lichem sitte, is om oploste [[soerstof]] oan wetter te ûntlûken en der [[koalstofdiokside]] oan ôf te jaan. Dêrmei binne se it ekwifalint by wetterdieren foar [[longen]] by lândieren. Kiuwen binne it bekendst fan [[fisken]], mar ek oare wetterdieren hawwe se, lykas beskate [[ynsekten]], guon [[lidpoatigen]] ([[krabben]], [[kreeften]], [[garnalen]]) en de [[larve|larvale]] stadia fan [[amfibyen]]. De kiuwen fan guon fan sokke bisten, lykas de [[hearemytkreeft]] (''Pagurus bernhardus''), hawwe har sa ûntjûn dat der ek op it drûge mei azeme wurde kin, op betingst dat se fochtich holden wurde.
[[File:LarveKamsalamander.JPG|thumb|left|250px|In [[kikkertfiskje]] fan 'e [[kjimsalamander]], mei útwindige kiuwen.]]
 
Rigel 13:
}}
 
[[Kategory:AnatomyBiste-anatomy]]