Stephen Youll: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 24:
Youll waard yn [[1965]] berne yn it [[Ingelân|Ingelske]] [[Hartlepool]] as de helte fan in [[twilling]]. Mei syn broer [[Paul Youll|Paul]] genoat er syn oplieding oan it [[Durham New College|Durham New College of Art and Design]] yn [[Framwellgate Moor]], en teffens oan 'e [[Sunderland Universiteit]] yn [[Sunderland (Ingelân)|Sunderland]]. Beide twillingbruorren studearren dêr ''[[cum laude]]'' ôf, en giene neitiid oan it wurk as [[keunst]]restaurateur yn 'e [[Katedraal fan Durham]], foar't se úteinsetten mei in karriêre as [[freelance]] [[keunstner]]s.
 
Yn [[1987]] krigekrigen de [[bruorren]] Youll in foet tusken de doar op it mêd fan [[science fiction]]- en [[fantasy]]keunst, doe't synharren wurk belangstelling loek ûnder de 45e [[Worldcon|Science Fiction-Wrâldkonvinsje]], dy't dat jiers holden waard yn it Ingelske [[Brighton]]. SynStephen Youll syn earste opdracht wie foar it meitsjen fan 'e [[omslach]], tegearre mei syn broer Paul, fan 'e [[roman]] ''Emerald Eyes'' fan [[Daniel Keys Moran]], dy't publisearre waard troch [[útjouwerij]] [[Bantam Books]]. De twillingbruorren setten harren gearwurking fuort oant Stephen Youll úteinlik yn [[1989]] nei de [[Feriene Steaten]] ferfear.
 
Hoewol't er oarspronklik benammen mei [[akrylferve]] wurke, stapte Youll oer nei it gebrûk fan [[oaljeferve]]. Yn 'e Feriene Steaten wurke er in protte foar de útjouwerijen [[Ballantine Books]], [[Del Rey Books]], [[Warner Books]], [[Avon Publications]] en [[DAW Books]]. Omslaggen fan syn hân pronken û.m. op 'e werútjefte fan ''I, Robot'' ([[1990]]), fan [[Isaac Asimov]]; de boeken ''A Game of Thrones'' ([[1996]]), ''A Clash of Kings'' ([[1998]]) en ''A Storm of Swords'' ([[2000]]) fan [[George R.R. Martin]]; en de boeken ''Rider at the Gate'' ([[1995]]), ''Cloud's Rider'' ([[1996]]), ''[[Finity's End]]'' ([[1997]]), ''[[Precursor]]'' ([[1999]]) en ''[[Defender]]'' ([[2001]]) fan [[C.J. Cherryh]]. Dêrnjonken wurke Youll ek foar [[DC Comics]] en [[IBM]].