Boekdrukkeunst: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Daam (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 27:
===Europeeske útfiners===
[[File:Buchdruck-15-jahrhundert 1.jpg|thumb|right|Boekdrukkeunst yn de 15e iuw]]
Yn de [[Westerske wrâld]] wurdt de [[Mainz]]ler [[Johannes Gutenberg]] oer it generaal sjoen as meast wierskynlike útfiner (mear as de Nederlanner [[Laurens JanszoonJanssoan Coster]] of de Flaming [[Dirk Martens (drukker)|DirDirk Martens]]), hoewol sûnder oanwiisbere reden. Mar it liket wol fêst te stean dat yn dy tiid, om [[1450]] hinne, de befolking yn it Easten al bekend wie mei sawol blokdruk as letterdruk. Hoewol’t it dêrmei yn teory mooglik is dat troch de Jeropeeske ‘útfiners’ de technyk út it Easten oernommen is, kin dat net mear efterhelle wurde. It kin likegoed wêze dat beide plakken ûnôfhinklik faninoar en sawat tagelyk itselde útfûnen. Hoe’t it ek is, yn it Westen wie it printsjen mei losse leters daliks in trochslaand súkses en fersprate him oeribele hurd oer it kontinint, dat yn tsjinstelling ta it Easten. Ien fan de wichtichste oarsaken fan dat súkses wie dat it westerske [[alfabet]] mar in beheind tal lettertekens hat. It Sineeske skrift hat in ûnbidich soad karakters (foar sawat elts wurd in apart teken) en sadwaande wie it gearstallen fan in tekst noch hieltyd in slim bewurklike put. Ekonomysk sjoen hie de meganisaasje fan de boekproduksje dêr dus net safolle doel. Ek hie de steat in [[monopoalje]] op de druktechnyk, sadat immen dy’t wat printsje woe dêr tastimming fan de oerheid foar hawwe moast. Yn Jeropa wie troch de lapetekken oan steaten gjin monopoalje fol te hâlden. By swierrichheden ferhuzen printers gewoan nei in frij, oar lân yn de omkriten. Yn Ingelân waard de boekdrukkeunst yntrodusearre troch [[William Caxton]].
 
De earste printwurken fan fóár 1501 waarden [[ynkunabel]]s neamd; printwurken fan 1501 oant 1520 (inkeld fan 1540 of 1550), ôfhinklik fan de boarne) [[postynkunabel]]. Yn de earste jierren fan de boekdrukkeunst kaam fyftich prosint fan alle boeken yn de [[Nederlannen|Noardlike Nederlannen]] út [[Dimter]].