Albrecht fan Saksen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
duits linkje werkt beter voor het plaatje > wel even zoeken hoor
LNo edit summary
Rigel 32:
Yn [[1475]], yn de kampanje tsjin [[Karel de Stoute]] fan [[Hartochdom Bourgonje|Bourgonje]] krige Albrecht in soad lof as in kapabel militêr lieder, en yn [[1487]] liede hy in ekspedysje tsjin Kening [[Matthias Corvinus fan Hongarije]], dy't lykwols mislearre omdat keizer Freark III te min steun tasei.
 
Yn [[1488]] holp Albrecht om [[Maximiliaan I fan it Hillige Roomske Ryk|Maximiliaan I]] te befrijen neidat rebellen yn [[Brugge]] him finzen set hienen. Yn 1489 waard Albrecht efterlitten as syn plakferfanger om de oarloch fuort te setten, en hy wist foar Maximiliaan de greefskippen [[Greefskip Hollân|Hollân]], [[Greefskip Flaanderen|Flaanderen]] en [[Hartochdom Brabân|Brabân]] werom te feroverjen, mar omdat him net tastien waard dizze distrikten te plonderjen, liede dit ta in grut finansjeel ferlies.
 
==Yn Fryslan en Grinslân==
 
As betelling foar syn tsjinsten makke Maximiliaan Albrecht yn [[1498]] ta gûverneur (''potestat'') fan [[Fryslân]]. Fryslân, mei ynbegryp fan de [[Ommelannen]] hie himsels altyd as frij sjoen. It makke wol diel út fan it Hillige Roomske Ryk, mar seach himsels as ryksûnmidlik. It hie nea in Hear kend. De Fryske lannen waarden oan de ein fan de [[fyftjinde ieu]] it striidtoaniel fan de konflikten tusken [[Skieringers en Fetkeapers]]. De stêd [[Grins]] like yn dy konflikten de ienige machtsfaktor dy't aktyf optrede koe en wreide har macht út oant sawat hiel Fryslân en Grinslân. Om de macht fan de stêd te beheinen waard Albrecht troch guon yn Fryslân mei iepen earmen ûntfongen. Hy wist Fryslân foar it grutste part ûnder kontrole te krijen en waard ek troch Grinslân as hear erkend. Sa gau as't er werom gien wie nei Saksen-Meissen bliek syn erkenning lykwols benammen in lippetsjinst. [[Grinslân]] waard binnenfallen troch de greve fan [[greefskip East-Fryslân|greve fan East-Fryslân]].
 
Koart dêrnei stoar Albrecht tichteby [[Emden]], en waard begroeven yn Meissen. Hy waard opfolge troch syn soannen [[Hindrik V fan Saksen]] en [[Joaris mei it Burd]].