Oosterkerk (Kollum): ferskil tusken ferzjes

No edit summary
 
== Skiednis ==
Yn 1904 ûnstie de grifformearde gemeente troch't de [[Ofskieding fan 1834|ôfskieden]] en [[Doleânsje|dolearjende]] gemeente tegearre fierder gyngen. Hja tsjerkten yn in houten tsjerke oan de Nijebuorren (tsjintwurdich Eyso de Wendtstrjitte). De tsjerke waard oan it begjin fan de jierren 1920 te lyts en yn 1924 krige de arsjitekt [[Egbert Reitsma]] de opdracht in nije tsjerke te bouwen. De boukosten bedroegen 23.000 gûne en de oannimmer soe der oan fallyt gean, mar der kaam in prachtich tsjerkegebou dat tsjintwurdich in ryksmonumint is. It wie Reitsma's earste grutte opdracht nei en nei de bou fan de Kollumer tsjerke folgen der fan deselde arsjitekt mear opfallende grifformearde tsjerken yn [[Weesp]], [[Appingedam]], [[Pelikaantsjerke|Ljouwert]] en [[Andyk]].
[[File:Kollum, griff. tsjerke (Oosterkerk), plafond.jpg|thumb|left|250px|''Plafond'']]