Stynsgea: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 19:
 
== Tsjerke ==
{{Apart|Augustinitsjerke (Stynsgea)}}
It âldste part fan de tsjerke is de toer út de [[13e iuw]] en dy hie oant [[1895]] in sealdak. Om [[1350]] hinne waard de [[Goatyk|goatyske]] tsjerke wijd oan Augustinus. De muontsen fan kleaster Jeruzalem ([[Gerkeskleaster]]) hawwe him nei alle gedachten boud. Op in tekening út [[1723]] fan J. Stellingwerf is goed te sjen dat it dak fan de tsjerke leger west hat. By in ferbouwing yn ±1765 is de kap twa meter ferhege. By de restauraasje fan [[1954]]-[[1957]] kamen resten fan de eardere [[fresko]]'s oan it ljocht. Der binne no skansearre ienfâldige ofbylden fan twa [[Ingel|ingels]] en [[Sint Kristoffer]] te sjen. Yn [[1994]] wie der lykwols al wer in wiidweidige restauraasje nedich.