Stynsgea: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 18:
'''Stynsgea''' is in [[doarp]] yn de gemeente [[Achtkarspelen]], súd fan [[Bûtenpost]] by it [[Prinses Margrietkanaal]]. It doarp hat likernôch 1.330 ynwenners (2007). By Stynsgea hearre ek de buorskippen [[Blauferlaat]] (mei in haven oan it Prinses Margrietkanaal), [[Reahel (Achtkarspelen)|Reahel]] (in stripe mingde bebouwing by de noardkant fan it Prinses Margriet lâns) en [[Reaskuorre]] (de kant fan [[De Harkema]] út). It doarp wie eartiids haadplak fan de [[gritenij]] en is neamd nei de hillige [[Augustinus]]. Eartiids stie hjir de stins [[Siccama State (Stynsgea)|Siccamastate]].
 
== TsjerkeTsjerken ==
{{Apart|Augustinitsjerke (Stynsgea)}}
It âldste part fan de tsjerkeAugustinitsjerke is de toer út de [[13e iuw]] en dy hie oant [[1895]] in sealdak. Om [[1350]] hinne waard de [[GoatykGotyk|goatyskegotyske]] tsjerke wijd oan [[Augustinus]]. De muontsen fan [[kleaster JeruzalemJeruzalim]] ([[Gerkeskleaster]]) hawwe him nei alle gedachten boud. Op in tekening út [[1723]] fan J.[[Jacobus Stellingwerf]] is goed te sjen dat it dak fan de tsjerke leger west hat. By in ferbouwing yn ± 1765 is de kap twa meter ferhege. By de restauraasje fan [[1954]]-[[1957]] kamen resten fan de eardere [[fresko]]'s oan it ljocht. Der binne no skansearre ienfâldige ofbylden fan twa [[Ingel|ingels]] en [[Sint KristofferKristoffel]] te sjen. Yn [[1994]] wie der lykwols al wer in wiidweidige restauraasje nedich.
 
De klok út [[1617]] is getten troch [[Hans Falck fan Neurenberch]] út [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]].
{{Apart|Pypketsjerke (Stynsgea)}}
 
Njonken de Augustinitsjerke wie der oant 2016 ek noch in [[Grifformearde Tsjerken yn Nederlân|grifformearde]] tsjerke, de Pypketsjerke. De Pypketsjerke lei healwei Stynsgea en Surhuzum en wie it tsjerklik sintrum fan twa grifformearde gemeenten. Mei de fúzje fan de grifformearden en herfoarmen ta ien [[Protestanske Tsjerke yn Nederlân|protestanske tsjerke]] waard de Pypketsjerke oerstallich en ferkocht.
== Doarpsskoalle De Twa-ikker ==
Yn 2015 binne de iepenbiere skoalle De Maskelyn en de kristlike skoalle De Saad opgien yn in gearwurkingsskoalle. Fanâlds joegen boeren faak in namme oan harren stikken lân. Sa ferwiist de strjitnamme Skoalikker noch nei in stik lân by de earste iepenbiere skoalle fan Stynsgea. Yn 2016 is der, om't oerdrachtlik de ikkers fan twa skoallen gearfoege waarden, de namme De Twa-ikker ûntstien.