Haadmenu iepenje

Changes

137 bytes added ,  2 jier lyn
L
red
De [[Rots fan Gibraltar]] lukt in soad minsken. De ekonomy is fral basearre op [[toerisme]], finansjële tsjinsten en de [[skipfeart]]. De namme Gibraltar komt út it [[Arabysk]]: جبل طارق - ''jabal Tariq'': de berch fan Tariq, ferneamd nei de [[Moaren|Moarske]] legerlieder [[Tariq ibn Zijad]].
 
Gibraltar waard yn [[1704]] ûnder de [[Spaanske Suksesjeoarloch]] fan Ingelsk-Nederlânske troepen op Spanje ferôvere. It gebiet waard dêrnei yn 1713 ûnder de [[Frede fan Utert (1713)|Frede fan Utert]] 'foar fêst' oerdrûgen oan it [[Keninkryk Grut-Brittanje]]. It wie in wichtige basis foar de [[Royal Navy]].<br />Yn [[1981]] krige Gibraltar, dat oant dy tiid ta in [[kroankoloanje]] foarme hie, de status fan 'ôfhinklik gebiet fan 'e [[Britske Kroan]]'.
 
De [[sûvereiniteitsoevereiniteit]] fan Gibraltar is in wichtich striidpunt yn de Britsk-Spaanske ferhâlding meidat Spanje oanspraak makke op Gibraltar. Gibraltarezen fersmieten útstellen foar Spaanske sûvereiniteit by [[referendum]] yn 1967 en nochris yn 2002. Neffens de Gibraltareeske grûnwet fan 2006 regelet Gibraltar syn eigen saken, mar it foech oer definsje en bûtenlânske saken bliuwt de ferantwurdlikheid fan it regear fan it [[Feriene Keninkryk]].
 
== Galery ==
[[Kategory:Britske koloanje]]
[[Kategory:Spesjaal territoarium fan de Jeropeeske Uny]]
[[Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 17041981]]