Israel: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 58:
 
== Ekonomy ==
[[Ofbyld:Bursa05.jpg|thumb|SakendistriktSakedistrikt yn Ramat Gan]]
Israel hat in technologysk fier ûntwikkele merk ekonomy, dêr't de oerheid aktyf oan dielnimt. De ekonomy is ôfhinklik fan de ymport fan nôt, rûge oalje, rûge materialen, militêr materiëel en wetter. De wichtichste eksportprodukten binne diamant, technologysk heechweardich guod en lânbouprodukten sa as fruit en griente. De ûntjouwing fan de agraryske sektor hat derta laat dat Israel net ôfhinklik is fan oare lannen foar itensprodukten, útsein nôt. Israel hat aardige hannelstekoarten, dy't dekt wurde troch jildtransaksjes út it bûtenlân of bûtenlânske lieningen. Rûchwei de helte fan de steatsskuld is liend jild fan de [[Feriene Steaten]], wêrfan Israel militêr en ekonomysk stipe krijt. It BYP, nei in lytse delgong yn 2001 en 2002 troch it Palestynske konflikt en swierrichheden yn de hege-technology sektor, groeide 5% per jier nei 2003. De ekonomy groeide sa'n 4,2% yn 2008. Troch it hoedene fiskale belied en strukturele herfoarmingen hat de steat Israel in stevige ekonomy dy't fierder groeie kin.
It [[BYP]] per persoan is [[$]]26.600 (2007). Gearstalling fan BYP per sektor is 2,7% lânbou, 30,2% yndustry en 67,1% tsjinsten.