Content deleted Content added
stavering
Theun (oerlis | bydragen)
Rigel 209:
 
Hoi Jelle, ik woe tsjin dy sizze dat in tekst goed op staveringsflaters neisjen foar my in bult wurk ynhâld en dan noch sjuch ik flatters oer de holle. Ik skreau leaver sels de tekst en hopje dat in oarenien de flaters derút hellet. Mar net eltsenien hat der noch yn. Betiiden wit ik sels ek net op hokker wize in wurd skreaun moat wurde en in wurdboek jout net altiten de oplossing. Ik tink dat ik yn septimber mar in kurus gean folgen. [[Meidogger:Geoffrey|Geoffrey]] 24 jul 2007, 13.36 (CEST)
 
== Stavering 2 ==
 
Hoi Jelle,
 
Efkes in pear opmerkings oer de stavering wat wol gauris ferkeard giet by jo (nei oanlieding fan [[Paulus (apostel)|Paulus]]).
* it nederlânske ''zich'' wurdt yn it frysk net ''sich'' mar himsels of harsels ôfhinklik fan oer wa it giet. Dus net ''Hy hat sich ...'' mar ''hy hat himsels ...''
* jo hawwe wol gauris de folchoarder fan de tiidwurden ferkeard.
: Hy hat sich kinne beroppe -> Hy hat himsels beroppe kinnen
: Sjoch foar útlis op [[http://www.digischool.nl/fry/ digiskoalle]] -> ferskaat -> twadde faze -> tiidwurden. Hjir stiet in útlis tiidwurdfolchoarder (14,15 en 16).
:In protte minsken dy't frysk prate brûke de tiidwurdfolchoarder tsjinwurdich ek krekt as yn it nederlânsk wat wol spitich is (en hielendal ferkeard fansels). Ik haw it idee dat dizze regels yn it frysk wol aardich oerienkomme mei sa as it Dútsk dit docht mar dêr kinne wol ferskillen yn sitte.
:(Geoffrey docht it hjirboppe ek ferkeard, ''in kursus gean folgen'' -> ''in kursus folgjen gean'').
Fierders soe ik sizze gean sa troch, de bêste manier om te ferbetterjen is it in protte te skriuwen (en derby fansels wol de staveringsregels as it wurdboek derby pakke at je twifelje). Sa doch ik it sels ek. [[Meidogger:Theun|Theun]] 27 jul 2007, 21.37 (CEST)