Klaudius Goatikus: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
Daam (oerlis | bydragen)
stav
Rigel 1:
{{stavering}}
[[File:Santa Giulia 4.jpg|thumb|Klaudius II, ôfbyld út 268/269]]
'''Klaudius Goatikus''' of '''Klaudius II''' ([[Latyn]]: ''Marcus Aurelius Valerius Claudius''; [[10 maaie]] [[210]] - jannewaris [[270]]) wie [[Romeinske keizers|keizer fan Rome]] fan [[268]] oant [[270]].
 
==Libben==
Klaudius syn komôf is ûndúdlik. Nei alle gedachten waard er berne yn Syrmia (Sirmium; yn Neder-[[Pannoanje]]). Hy tsjinne as [[tribún]] ûnder [[Desius]] en [[Falerianus I]], en waard troch de lêste beneamd as oerbefelhawwer yn Illyricum. Klaudius waard keizer doe't hyer tegearre mei [[Aurelianus]] yn septimber 268 in koupkûp belei tsjin keizer [[Gallienus]].
 
It keizerskip fan Klaudius hat foar in grut part út oarlochfiereoarlochfieren bestean. Syn regear set útein mei in opstân fan it leger yn ''Mediolanum'' ([[Milaan]]) dy't hyer allinnich delslaan koe troch de soldaten jild ta te sizzen fan 20 aurei de man. Wylst de Romeinen yn Mediolanum mei-inoar fochten, kamen yn it noarden de [[Allemannen]], in Germaansk folk, oer de [[Brennerpas]] it ryk ynfallen. Yn de lette hjerst fan [[268]] kaam it ta in fjildslach by it [[slach oan it Gardamar|Gardamar]] tsjin de Alemannen. Dêr brocht it leger fan Klaudius harren sa'n ferpletterjende nederlaach ta mar dat de helte mar fan de tsjinstanner it slachfjild libbendlibben ferlitte koe. Fuort dêrnei moast Klaudius weromkearewerom nei Rome om't nije swierrichheden yn [[Galje]] syn omtinken fregen.
 
Klaudius stjoerde syn freon Aurelianus mei troepen nei it suden fan Galje ta. AurlianusIt slagge itAurlianus om de kontreien eastlik fan de [[Rhône]] wer oan it Romeinske Ryk ta te foegjen. Klaudius berrikkeberikte yn [[Spanje]] itselde resultaat mei ûnderhandelingsûnderhannelings. It ferfal fan it ryk koe dêrtroch tydlik opkeard wurde.
 
Wilens soargen de [[Goaten]] foar grutte problemen op de [[Balkan (skiereilân)|Balkan]]. Klaudius gie der mei syn troepen dêrhinnehinne en helle flakby Marsianopolis in skitterjende oerwinning. Dy oerwinning besoarge him deit taheaksel "Goatikus". Lykwols wienen de problemen dêrmei noch net oplost. Nije ynfallen fan de Goaten moasten tsjinhâlden wurdenwurde en fierdersfierder wie der in soad ûnrêst yn it easten, dêr't Keningin [[Senobia]] fan [[Palmyra]] yn [[269]] de Romeinske gebieten ynfallen wie. Har troepen hiene de seehaven fan Egypte, [[Aleksandrje]], oermastere en dêrmei wie de foar Rome sa wichtige [[nôt]]-oanfier ôfsnien. Dêrnei stjoerde sy har legers nei it noarden ta en oermastere grutte stikken Romeinsk grûngebiet yn [[Asia Minor]] (Turkije). Klaudius, dy't op 'e Balkan genôch te stellen hie mei de Goaten, koe in oarloch yn it easten dernetder net by hawwe. Hy wie twongen om frede mei har te sluten.
 
Klaudius hat mei noch mear oarloggen te krijen hawnhân; der kamen noch ynfallen yn [[Brittanje]], [[Raetia]] en yn [[Pannoanje]] by. Om al dy problemen yn it ryk oan te kinnen, liet Klaudius de striid tsjin de Goaten oer oan Aurelianus en sels gong er nei Sirmium. De pest, dy't de Goaten grutte ferliezen tabrocht hie, briek dêr út yn syn eigen leger. Klaudius rekke sels besmet en ferstoar yn jannewaris [[270]]. Alhoewol't hyer mar twa jier keizer west hie, waard syn dea tige betreure troch de Romeinske [[senaat (Rome)|senaat]] en it leger. Dêrom waard er fuortendaliks godlik ferklearre nei syn dea.
 
==Keppeling om utens==