Dantumadiel: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 25:
Dantumadiel, ''Donthmadeil'', wie yn it ferline in grutter gebiet as no. Om 1200 hinne wie it in part fan [[Wininge]], en doe dat om 1250 hinne opsplitte wie Dantumadiel part fan de [[Noardlike Njoggen]]. Likernôch 1350 waard lykwols it eastlik part ôfskieden, en opdield ta [[Eastbroeksterlân]] en [[Kollumerlân]]. Yn [[1389]] waard ek [[Driezum]] in gebiet apart, mar yn [[1404]] waard it wer by Dantumadiel foege.
 
De [[gritenij]] Dantumadiel waard yn [[1851]] in [[gemeente (bestjoer)|gemeente]] nei de ynfiering yn Nederlân fan de [[gemeentewet]] fan [[Thorbecke]]. [[Dokkum]] hat yn de 20e iuw ferskate kearen grûngebiet fan Dantumadiel derby krigen en mei de [[gemeentlike weryndieling]] fan [[1984]] giene de plakken [[Burdaard]] en [[Jannum]] oer nei de gemeente [[Ferwerderadiel]].
 
== Haadplak ==