Irakoarloch: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Ieneach fan 'e Esk moved page Irakkriich to Irakoarloch over redirect: gongberder
L red
Rigel 1:
[[Ofbyld:Iraq header 2.jpg|thumb|300px|IrakkriichDe Irakoarloch]]
De '''IrakkriichIrakoarloch''' wie de ynvaazje fan Irak troch de [[Feriene Steaten]], it [[Feriene Keninkryk]] en wat lytsere lannen. De lytsere lannen waarden meiïnoar de „Koalysje fan de Reewilligen“ neamd.
 
De ynvaazje begûn op [[20 maart]] [[2003]] en op [[1 maaie]] [[2003]] wie Irak folslein beset. Dêrnei waard besocht om de nije steat Irak stal te jaan. Lykols mei fûl ferset fan striders fan ferskillende groepen fan radikale Moslims, lykas [[Al Kaida]]. De rebûlje fan dy radikale groepen is sa grut, dat it hast in folksopstân neamd wurde kin. Op [[2 maaie]] [[2003]] ferklearre [[George W. Bush]] dat de kriichoarloch dien wie. De rebûlje dy't nei de offisjele ein fan de kriichoarloch wurdt it '''Irakkonflikt''' neamd.
 
De grutste reden foar de kriichoarloch wie neffens de Feriene Steaten de massaferneatigingswapens fan Irak dy't in slimme bedriging foar de nasjonale feiligens fan de Feriene Steaten en oare Jeropeeske lannen wienen.
 
== Oanrin ==
Sûnt de [[GolfkriichGolfoarloch]] fan [[1991]] holdt de ynternasjonale mienskip [[Saddam Hussein]] fan Irak yn 'e rekken. Irak waard sanksjes oplein en wapenynspekteurs fan de [[Feriene Naasjes]] holden tafersjoch. Nei de terreuroanslaggen fan [[11 septimber]] [[2001]] en de kriichoarloch yn [[Afganistan]] (operaasje Enduring Freedom en [[International Security Assistance Force|ISAF]]), waarden ek de massaferneatigingswapens fan Irak in sintraal tema yn de Amerikaanske anty terreur kampanje.
 
Foar 11 septimber 2001 wienen der ek al lûden yn it [[George W. Bush|Bush]] regear, om oare lannen oan te fallen at se in bedriging foar de nasjonale feiligens fan de Feriene Steaten wêze soenen. [[Paul Wolfowitz]] wie de earste dy't him dêroer oppenearre. <ref>[http://www.newamericancentury.org/RebuildingAmericasDefenses.pdf Rebuilding Americas Defenses] <small>''Ingelsk''</small></ref>
 
Nei [[11 septimber]] stipe it Amerikaanske folk it regear ienriedich. De neo-konservative groep, laat troch [[Donald Rumsfeld]], komt mei de saneamde Bush-doktrine dy't it bûtenlânske belied sa feroaret, dat in preventive oanfal tsjin oare lannen mooglik makke wurdt út it eachpunt fan nasjonale feiligens. By de kriichoarloch yn Afganistan wie dat net in grut probleem, mar de IrakkriichIrakoarloch wie dreger te ferantwurdzjen foar it Amerikaanske folk en de ynternasjonale mienskip.
 
Der ha in protte wapenynspekteurs yn Irak west yn ferskillende militêre objekten. Der is gjin bewiis dat Irak massaferneatigingswapens hie. [[Dútslân]], [[Frankryk]], [[Ruslân]] en [[Sina]] hawwe har twivels oanjûn oer de helebrens fan in militêre operaasje sûnder goedkar fan de [[Feriene Naasjes]].
 
== Redenen foar de kriichoarloch ==
De F.S. hie de neikommende redenen foar de kriichoarloch:
# Irak soe massaferneatigingswapens ha;
# Irak soe it ynternasjonale terrorisme stypje, benammen [[Al Kaida]];
Rigel 23:
# Saddam Hoessein luts him neat oan fan de [[Feriene Naasjes#Feiligensried|Feiligensried]] fan de [[Feriene Naasjes|FN]].
 
De massaferneatigingswapens waard troch de Feriene Steaten as haadreden brûkt om de Feriene Naasjes safier te krijen en stypje de kriich. Nei de kriich hat de U. S. Iraq Survey Group ûndersyk dien nei de oanwêzigens fan massaferneatigingswapens. Neffens it rapport fan de ûndersyksgroep binne der nei de GolfkriichGolfoarloch fan 1991 gjin nije massaferneatigingswapens makke. Der wie likemin bewiis fan in link tusken Irak en Al Kaida. De Feiligensried fan de FN wie fan betinken dat it FN-Hânfêst oertrêde wie troch de Feriene Steaten. FN-siktaris-generaal Kofi Annan sei yn septimber 2004 - "Wy en it FN-Hânfêst sjogge de ynvaazje as ûnrjochtmjittich".
 
== Ynvaazje ==
[[Ofbyld:Iraq-War-Map.png|thumb|Militêr ferrin fan de IrakkriichIrakoarloch.]]
De ynvaazje, "Operation Iraqi Freedom", begjint op [[20 maart]] [[2003]] om 0230 [[GMT]] mei in bombardemint op de haadstêd [[Bagdad]]. Benammen militêre doelen en Iraakske oerheidsgebouwen wienen doel fan it bombardemint. Ien dei letter wurdt Bagdad nochris swier bombardearre. Dêrnei begjint it grûnoffensyf mei in west-, east-, en noardfront. Op it westfront waarden parasjutisten dropt omdat de oare Islamityske steaten gjin Amerikaanske- of koalysjetroepen op harren grûngebiet ha woe.
 
[[Turkije]] falt Irak út it noarden wei oan. Turkije like dêrtroch de Britsk-Amerikaanske ynvaazje te stypjen. Lykwols die Turkije dat út eigen belang sadat de Koerden yn Noard-Irak gjin mooglikheid hienen om in eigen steat út te roppen. Tagelyk krije de Amerikanen stipe fan Koerden by in offensyf út it noarden wei. Op 10 april feroveren Amerikaanske en Koerdyske troepen Kirkoek.
 
Yn it suden begjint it offensyf fan it Britske en Amerikaanske leger op 22 maart. Op 4 april wurdt it fleanfjild fan Bagdad ferovere. Trije dagen letter ride Amerikaanske pânsers sûnder wjerstân troch it sintrum fan Bagdad. Op 9 april wurdt it stândbyld fan Saddam Hoessein omlutsen en dêrmei is de kriichoarloch yn Bagdad ta in ein kommen. Op 11 april feroverje koalysjetroepen Mosoel. Op 14 april wurdt Tikrit ynnommen troch de koalysjetroepen, it Pentagon ferklearret de ein fan de kriichoarloch. Saddam Hoessein wie op dat stuit noch net fûn.
 
Op 1 maaie 2003 seit [[George W. Bush]] yn in taspraak op in fleandekskip foar it Amerikaanske kustplak [[San Diego]] dat de kriichoarloch foarby is.
 
== Besetting sûnt 2003 ==