Akashi-Kaikyō Brêge: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 8:
Foardat de Akashi Kaikyō Brêge boud wie, farden der fearboaten oer de Akashi Seestrjitte yn Japan. Dizze gefaarlike wetterwei hat faak te krijen mei swiere stoarmen, en yn [[1955]] sonken der twa fearboaten yn in stoarm, mei 168 deaden as gefolch. De reaksje fan it publyk soarge derfoar dat it Japanske regear wurk makke fan in brêge oer de seestrjitte.
 
It plan wie om ek in spoar oer de brêge te bouwen, mar by de start fan de bou yn [[april]] [[1986]] waard besletten om allinnich in wei mei 6 rydbanen te bouwen. De bou fan de brêge wie yn [[1998]] klear en op [[5 april]] fan dat jier waard de brêge foar it ferkear iepene.
 
[[Ofbyld:AkashiOhashiRoad1.jpg|thumb|right|250px|''Op de wei fan de Akashi-Kaikyō Brêge.'']]