Solovetski-kleaster: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Ieneach fan 'e Esk moved page Solovetsky Kleaster to Solovetsky-kleaster: red
L red
Rigel 1:
{{Ynfoboks bouwurk
| namme = Solovetsky Kleaster-kleaster
''Солове́цкий монасты́рь''
| ôfbylding = Соловецкий монастырь.jpg
Rigel 31:
| webside = [http://solovki-monastyr.ru/ solovki-monastyr]
}}
It '''Solovetsky Kleaster-kleaster''' ([[Russysk]]: Солове́цкий монасты́рь) is in otterdoksk kleaster op de [[Solovetsky-eilannen]] yn de [[Wite See]] yn it noardwesten fan [[Ruslân]]. Nei de [[Oktoberrevolúsje]] waard it kleaster transformearre yn in finzenis en wurkkamp, mar sûnt de jierren 1990 hat it de oarspronklike bestimming werom krige.
 
== Skiednis ==
It kleaster waard yn 1436 troch de muontsen German en Savvati út it Kirillo -Belosersky Kleaster-kleaster stifte. Yn de 15e en 16 iuw krige it kleaster gâns lân, benammen troch skinkingen. Troch in geskikte polityk ûntjoech it kleaster him al gaueftich ta in ekonomysk en polityk sintrum fan de regio om de Wite See hinne. De muontsen holden harren dwaande mei it winnen fan sâlt, de fiskerij, it jeijen op wyld foar hûden, it ferwurkjen fan mineralen en izer en it winnen fan parels. It omlân profitearre fan it kleaster mei troch de wurkgelegenheid dy't troch de aktiviteiten fan it kleaster ûntstie.
 
Yn de 16e iuw telde it kleaster 350 muontsen en noch ris 700 ambachslju, boeren en feinten. Ek foar de teologyske foarming wie it kleaster wichtich en it hie yn de rin fan de tiid in grutte biblioteek mei tal fan manuskripten opboud. Ien fan de muontsen, Teodoret fan Kola, wurke yn it twadde fearn fan de 16e iuw as missionaris ûnder de [[Samen]].
[[File:Solovetsky Monastery Uprising.jpg|thumb|left|250px|Opstân fan it Solovetsky Kleaster-kleaster (Sergej Miloradovitsj (1851-1943)]]
[[File:Leicinger Solovki 31.jpg|thumb|250px|De geheime trochgong dy't in ein makke oan de opstân fan it kleaster]]
It kleaster waard yn de twadde helte fan de 17e iuw nei de skuorring yn de Russysk-otterdokske Tsjerke in bolwurk fan de [[Altleauwenden]]. Fanút it kleaster waard der ferset bean tsjin de yn 1652 troch patriarch Nikon ôfkundige herfoarmings, dy't delkamen op in sintralisaasje fan de Russysk-otterdokske Tsjerke. Yn 1657 waarden fanút Moskou nije liturgyske boeken stjoerd, mar de âldsten besletten de boeken net te brûken en de âlde liturgyske tradysje fuort te setten. Moskou stjoerde ek in nije abt nei it kleaster om de herfoarmings troch te setten, mar it kleaster wegere de abt te akseptearjen en beneamde sels in nije abt. Dit waard yn Moskou beskôge as in died fan ferset tsjin it rezjym en de tsaar stjoerde syn leger op it kleaster ôf. Der folge in belegering fan 1668 oant 1676. Mei de stipe fan de boeren koe it kleaster stânhâlde en it hie noch jierren langer stân hâlde kind, mar der folge ferried troch de muonts Feoktist, dy't de [[Streltsy]] fertelde fan in geheime trochgong yn de Wite Toer fan it kleaster, dy't min beskerme waard. Sa kaam der in ein oan de opstân. Nei it ynnimmen fan it kleastser waarden de measte bewenners fan it kleaster ombrocht.
Rigel 43:
Sûnt 1765 is it kleaster stauropegiaal, dat betsjut dat it kleaster net ûnder in biskop mar fuort ûnder de Hillige Synoade falt. De archimandriten fan it kleaster waarden troch de tsaren en de patriarchen beneamd.
[[File:The British Attack of Solovetsky Monastery.jpg|thumb|left|250px|De Britten falle it kleaster tidens de Krimoarloch oan]]
Tegearre mei de fêstings yn Sumskoi en yn Kem foarme it Solovetsky Kleaster-kleaster in wichtige fêsting om de Russyske grinzen te beskermjen. It hie in grut tal kanonnen en in sterk garnizoen. It wist meardere oanfallen fan de Oarde fan de Swurdbruorren en de Sweden yn 1571, 1582 en 1611 ôf te slaan. Tidens de Krimoarloch waard it kleaster yn july 1854 sûnder súkses troch Bitske fregatten besketten.
[[File:Православеное духовенство в Соловецком лагере.jpeg|thumb|250px|In groep geastliken dy't yn it Solovetsky Kamp finzen sieten (1923)]]
Fan de 16e iuw oant yn de 20e iuw tsjinne it kleaster ek as plak dêr't tsjinstanners fan de tsaren hinne ferballe waarden. Nei de [[Oktoberrevolúsje]] sleaten de bolsjewiken yn 1920 it kleaster, dat doedestiids 430 muontsen telde. Hja makken fan it kleaster it earste wurkkamp fan de [[Goelag]]. De likernôch 1.000 finzenen, dêrûnder ûngefear 60 biskoppen, moasten û.o. yn de omkriten hout kappe. Oan it begjin fan de [[Twadde Wrâldoarloch|Twadde Wrâldkriich]] waard it kamp sletten. Ynstee dêrfan iepene men hjir in skoalle foar de opliediing fan marine-kadetten.
Rigel 54:
Yn 1990 naam de Hillige Synoade it beslút om it monastike libben wer fuort te setten. In lytse groep fan muontsen sette har yn 1992 nei wenjen. De mienskip is sûnt oanwoeksen oant 30 muontsen.
 
Yn it kleaster is in histoarysk en arsjitektoanysk museum ûnderbrocht. It Solovetsky Kleaster-kleaster is ien fan de earste Russyske monuminten, dy't as wrâlderfskip fan UNESCO ynskreaun waard. De measte gebouwen fan it kleaster binne de lêste jierren yngreven renovearre, rekonstruearre of wurde restaurearre.
 
{{Boarnen|boarnefernijing=
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: [https://de.wikipedia.org/wiki/Solowezki-Kloster]
----
{{Commonscat|Solovetsky Monastery|Slovetsky Kleaster-kleaster}}
}}
[[Kategory:Kleaster yn Ruslân]]