Sineeske Muorre: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 8:
 
== Skiednis ==
ItDe earsteierste partdielen vanfan de'e muorreSineeske Muorren datearren fan 'e [[7e iuw f.Kr.]]. It bekendste part waard fan goed [[200 f.Kr.]] ôf fan ierde út de grûn stammestampt troch de Sineeske [[Qin-dynasty]]. Dy dynasty is nei keizer [[Qin Shi Huang]] ferneamd, de earste keizer dy't hiel Sina yn [[221 f.Kr.]] byinoar ferovere.
 
De Sineeske Muorre waard boud as ferdigeningswurk tsjin fijânlike nomadenstammen dy't Sina fan it noarden út besochten binnen te komen. De earste bouwsels bestienen út ierden en liemen ferhegingen, dy't letter stadichoan ferfongen wurde soene mei stien en der waarden wachttuorren boud. Mear as in heal miljoen arbeiders hawwe oan de muorre wurken. In ferhaal giet de rûnte dat foar eltse meter in man stoarn is. Under de [[Tang-dynasty]] rekke de muorre yn ferfal, mar ûnder de [[Ming-dynasty]] ([[1368]] - [[1644]]) waard de muorre fernijd en langer makke. Yn dy tiid waarden losse stikken muorre mei inoar ferbûn oant it mânske bouwurk as wy hjoed de dei it kinne.
Rigel 15:
 
[[Kategory:Bouwurk yn Sina]]
[[Kategory:Muorre]]
[[Kategory:Wrâlderfgoed]]
[[Kategory:Bouwurk út de 7e iuw f.Kr.]]