Content deleted Content added
→‎Mûne/Mole: nije seksje
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 140:
 
Mar goed, wêr't ik it eins even mei jo oer hawwe woe is dit. Ik gean no alle bouwurken by del, en no kom ik foar de moles twa soarten kategorynammen tsjin, begjinnend mei 'Kategory:Mole' en mei 'Kategory:Mûne'. Ik tocht dat dy mei 'mûne' allegear fan jo wiene. No makket it my it measte net út, 'mole' en 'mûne' binne beide geef Fryske wurden, mar it kin fansels net sa wêze dat der yn 'e kategorynammen twa ferskillende oantsjuttings brûkt wurde. Dat no't ik der dochs by lâns gean, bin ik fan doel om dat rjocht te lûken. Sa't ik sei, it kin my net safolle skele hokker beneaming oft standert brûkt wurdt, mar ik haw even yn 'e kategoryen sjoen, en der sitte folle mear siden yn 'e kategoryen dy't begjinne mei 'mole' as yn dy dy't begjinne mei 'mûne'. Dat poer út it eachpunt fan 'hoe kin ik der sa min mooglik wurk fan ha', woe ik alle kategoryen mei 'mûne' mar omneame ta 'mole'. [[Meidogger:Ieneach fan 'e Esk|Ieneach fan 'e Esk]] ([[Meidogger oerlis:Ieneach fan 'e Esk|oerlis]]) 29 jul 2017, 21.57 (CEST)
:Ik fyn it bêst, alhoewol my it wurd "mole" al wat nuver oandocht. Ik wit net wêr't se "mole" sizze en hoe fier it gebrûk fan dat wurd ferspraat is oer de provinsje, mar ik kin it net oars as mûne of moune. As it om it wurk te rêden is wol ik ek wol helpe, mar as it wurd "mole" yn it grutste part fan Fryslân brûkt wurdt, dan is dat wurd de bêste oplossing. Sjoch mar efkes, en as ik wat dwaam moat hear ik dat wol. Groetnis, Romke.--[[Meidogger:RomkeHoekstra|RomkeHoekstra]] ([[Meidogger oerlis:RomkeHoekstra|oerlis]]) 29 jul 2017, 22.43 (CEST)