Content deleted Content added
Rigel 145:
::Tankewol foar jo flugge reäksje, Romke. Tsja, ik ken dan it wurd 'mûne' wer allinnich út boeken. De krite dêr't ik weikom, sis mar de Midden-Klaai, dêr seit elkenien fan 'mole'. Omdat ik ek net wit hokker foarm oft gongberder is, haw ik ris te rie west yn it (digitale) Wurdboek fan de Fryske Taal. Dêr haw ik om neutraal te wêzen op Nederlânsk ''molen'' socht, en doe kaam ik op 'e side 'mole' út: sjoch [http://gtb.inl.nl/iWDB/search?actie=article&wdb=WFT&id=64557&lemmodern=molen "molen" yn WFT]. Sa't jo sjogge wurdt 'mûne' hjir as fariant fan 'mole' jûn, mei dêrby it kommentaar "NKl., deel NWo" (wat ik ynterpretearje as "noardlike Klaai + diel noardlike Wâlden") en mei in justjes oare útspraak "deel NWo, ZWo" (diel noardlike Wâlden + súdlike Wâlden). Ik tink dat se mei noardlike Klaai de Dongeradielen ensfh. bedoele en net de Bjirmen, dêr't ús heit wei kaam, want dy haw ik noait 'mûne' sizzen heard.
 
::Dan soe Fryslân wat dit oangiet dus sa'n bytsje yn twa gelikense helten ferdield wêze: rûchwei eastlik fan Ljouwert 'mûne' en westlik fan Ljouwert 'mole'. Ik haw ek nochris yn it Frysk Hânwurdboek sjoen en yn it Wurdboek Frysk-Nederlânsk. Oeral wurdt by 'mûne' trochferwiisd nei 'mole'. DêrBy gebrek oan bettere rjochtlijnen woe ik dêr dan mar yn meigean troch de foarm 'mole' oan te hâlden foar kategorynammen, salang't jo dêr teminsten gjin beswier tsjin hawwe, en as ik jo boppesteande tekst lês, liket dat net sa te wêzen. Wat jo oanbod fan help oangiet, bêst oanbean, mar safolle wurk is it no ek wer net, dat ik rêd it wol. It soe wol moai wêze as jo nije siden fan bouwurken tenei even "Kategory:Bouwurk út ..." meijaan wolle soene. Groetnis, [[Meidogger:Ieneach fan 'e Esk|Ieneach fan 'e Esk]] ([[Meidogger oerlis:Ieneach fan 'e Esk|oerlis]]) 30 jul 2017, 00.24 (CEST)