Content deleted Content added
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
No edit summary
→‎Noch wat: nije seksje
Rigel 147:
::Dan soe Fryslân wat dit oangiet dus sa'n bytsje yn twa gelikense helten ferdield wêze: rûchwei eastlik fan Ljouwert 'mûne' en westlik fan Ljouwert 'mole'. Ik haw ek nochris yn it Frysk Hânwurdboek sjoen en yn it Wurdboek Frysk-Nederlânsk. Oeral wurdt by 'mûne' trochferwiisd nei 'mole'. By gebrek oan bettere rjochtlijnen woe ik dêr dan mar yn meigean troch de foarm 'mole' oan te hâlden foar kategorynammen, salang't jo dêr teminsten gjin beswier tsjin hawwe, en as ik jo boppesteande tekst lês, liket dat net sa te wêzen. Wat jo oanbod fan help oangiet, bêst oanbean, mar safolle wurk is it no ek wer net, dat ik rêd it wol. It soe wol moai wêze as jo nije siden fan bouwurken tenei even "Kategory:Bouwurk út ..." meijaan wolle soene. Groetnis, [[Meidogger:Ieneach fan 'e Esk|Ieneach fan 'e Esk]] ([[Meidogger oerlis:Ieneach fan 'e Esk|oerlis]]) 30 jul 2017, 00.24 (CEST)
:::Ik fyn it bêst dat it mole wurdt foar de kategorynammen en ik besykje der om te tinken dat it jiertal fan de bou by de gebouwen komt te stean. Goede snein fierder.--[[Meidogger:RomkeHoekstra|RomkeHoekstra]] ([[Meidogger oerlis:RomkeHoekstra|oerlis]]) 30 jul 2017, 09.14 (CEST)
 
== Noch wat ==
 
Goeie, Romke. Earst myn kompliminten foar jo side oer de grifformearde tsjerke fan Lollum. Moaie foto's ek, dy't josels nommen hawwe, seach ik op Commons. Fierders noch wat dat ik de oare kear fergetten bin te sizzen: as it boujier (of sloopjier) ûnbekend is, dan kinne jo bouwurken ek op iuw kategorisearje ("Kategory:Bouwurk út de ...e iuw"). Dêrfoar haw ik spesjaal alle boujierkategoryen yn iuwen ûnderbrocht, want ik tocht yn 't foar al, yn 'e Midsiuwen sille der wol in protte tsjerken boud wêze wêrfan't it boujier net bekend is, en dat blykt no ek sa te wêzen.
 
Ek woe ik noch in handichheidsje mei jo diele dat iksels noch mar koartby ûntdutsen haw: je kinne in (hiel fine) râne om in ôfbylding hinne sette, troch 'border' yn te foegjen. Dat is foaral handich mei flaggen mei in protte wyt, lykas de flagge fan 'e stêd Grins. (Foar wapens, dy't fansels net rjochthoekich binne, hawwe je der lykwols hielendal neat oan.) <br><nowiki>[[Ofbyld:Flag Groningen city.svg|20px]]</nowiki> sjocht der sa út: [[File:Flag Groningen city.svg|20px]]<br> <nowiki>[[Ofbyld:Flag Groningen city.svg|border|20px]]</nowiki> sjocht der sa út: [[File:Flag Groningen city.svg|border|20px]] <br> No ja, miskien fine jo it ek wol neat, mar ik fûn it wol in handich weetsje. [[Meidogger:Ieneach fan &#39;e Esk|Ieneach fan &#39;e Esk]] ([[Meidogger oerlis:Ieneach fan &#39;e Esk|oerlis]]) 31 jul 2017, 16.54 (CEST)