Content deleted Content added
→‎Noch wat: nije seksje
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 149:
 
== Noch wat ==
 
Goeie, Romke. Earst myn kompliminten foar jo side oer de grifformearde tsjerke fan Lollum. Moaie foto's ek, dy't josels nommen hawwe, seach ik op Commons. Fierders noch wat dat ik de oare kear fergetten bin te sizzen: as it boujier (of sloopjier) ûnbekend is, dan kinne jo bouwurken ek op iuw kategorisearje ("Kategory:Bouwurk út de ...e iuw"). Dêrfoar haw ik spesjaal alle boujierkategoryen yn iuwen ûnderbrocht, want ik tocht yn 't foar al, yn 'e Midsiuwen sille der wol in protte tsjerken boud wêze wêrfan't it boujier net bekend is, en dat blykt no ek sa te wêzen.
 
Ek woe ik noch in handichheidsje mei jo diele dat iksels noch mar koartby ûntdutsen haw: je kinne in (hiel fine) râne om in ôfbylding hinne sette, troch 'border' yn te foegjen. Dat is foaral handich mei flaggen mei in protte wyt, lykas de flagge fan 'e stêd Grins. (Foar wapens, dy't fansels net rjochthoekich binne, hawwe je der lykwols hielendal neat oan.) <br><nowiki>[[Ofbyld:Flag Groningen city.svg|20px]]</nowiki> sjocht der sa út: [[File:Flag Groningen city.svg|20px]]<br> <nowiki>[[Ofbyld:Flag Groningen city.svg|border|20px]]</nowiki> sjocht der sa út: [[File:Flag Groningen city.svg|border|20px]] <br> No ja, miskien fine jo it ek wol neat, mar ik fûn it wol in handich weetsje. [[Meidogger:Ieneach fan &#39;e Esk|Ieneach fan &#39;e Esk]] ([[Meidogger oerlis:Ieneach fan &#39;e Esk|oerlis]]) 31 jul 2017, 16.54 (CEST)
:Danke; en ik doch myn bêst om tenei in border oan ta te foegjen as der tefolle wyt yn sit. Ik rin foar de tsjerken de boel noch wol ris nei om it boujier of de bou-iuw ta te foegjen. Groetnis--[[Meidogger:RomkeHoekstra|RomkeHoekstra]] ([[Meidogger oerlis:RomkeHoekstra|oerlis]]) 31 jul 2017, 17.02 (CEST)