Koepeltsjerke (Ljouwert): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 33:
 
== Skiednis ==
De Koepeltsjerke waard as grifformearde tsjerke yn [[1923]] boud neffens in ûntwerp fan de arsjitekt [[Tjeerd Kuipers]], dy't him beynfloedzje liet troch de betingsten dy't [[Abraham Kuyper]] oer it ideale tsjerkegebou publisearre hie. It wie ynearsten it doel om de tsjerke mei in hast katedrale alluere te ferneamen nei keninginne [[Wilhelmina fan de Nederlannen|Wilhelmina]], sa't dat ek barde mei Tjeerd Kuipers' Wilhelminatsjerke fan [[Doardt]], mar om't de namme Koepeltsjerke al gau ynboargere rekke, is dêr neat mear fan telâne kommen. Noch gjin tsjien jier letter diene de grifformearden Ljouwert op'e nij fersteld stean mei de bou fan in noch opmerkliker tsjerke: de [[Pelikaantsjerke]].
[[File:Interieur, orgel - Leeuwarden - 20333700 - RCE.jpg|thumb|250px|left|Ynterieur]]
Yn 1977 waard it oarspronglike oargel fan Valckx & Van Kouteren ferfongen troch in oargel fan Jos Vermeulen. It Vermeulen-oargel waard yn 1935 boud foar de yn 1975 ôfbrutsen [[Neogotyk|neogotyske]] Hillich-Herttsjerke fan [[Tilburch]]. It instrumint had 49 registers ferdield oer trije manualen en pedaal en is it grutste tsjerke-oargel fan Fryslân.
 
Nei de foarming fan de [[Protestanske Tsjerke yn Nederlân]] ûntstie in lange striid foar it behâld fan it grifformearde erfguod yn de stêd. Alle grifformearde tsjerken waarden oerstallich ferklearre en ek de monumintale Koepeltsjerke waard ôfstjitten. <ref>https://gereformeerdekerken.info/2015/10/01/de-leeuwarder-kerksluitingskwestie-2008-2015/</ref>. De Algemiene Tsjerkeried fan Ljouwert joech op 11 maart 2015 tastimming foar de ferkeap oan in belizzer út [[Snits]]. Op 4 maaie 2014 waard yn de Koepeltsjerke de lêste tsjerketsjinst holden.<ref>https://www.rd.nl/kerk-religie/leeuwarder-koepelkerk-wordt-cultureel-centrum-1.437727</ref> De nije eigner hat mei behâld fan de arsjitektuer en ynrjochting fan de Koepeltsjerke in kultureel sintrum makke.<ref>http://www.koepeltheater.nl/over-ons/geschiedenis/</ref>
 
== Arsjitektuer ==
De boustyl fan de Koepeltsjerke is in mingeling fan [[art deco]] en byzantynske styleleminten. It byzantynske oansjen wurdt benammen feroarsake troch de tsiensidige koepel, dy't mei koper belein is. Boppe de noardlike yngong is in grut [[roasfinster]] mei in betonnen trasearing ynbrocht. Oan de sintrale bou binne trije fleugels tafoege, dêr't galerijen yn boud waarden. Sa ûntstie der in tsjerke mei in sitplak foar likernôch 1.100 minsken. De banken binne oriëntearre op de preekstoel, dêr't it oargel boppe hinget. De trije bylden op de tuorren fan it oargel stellen it Leauwen, de Hope en de Leafde foar en waarden yn 1790 makke foar it oargel fan de Herfoarme Tsjerke fan it [[It Hearrenfean (plak)|Hearrenfean]].<ref>http://reliwiki.nl/index.php/Leeuwarden,_Vredeman_de_Vriesstraat_24a_-_Koepelkerk</ref> Opfallend is de grutte sintrale luchter yn de foarm fan in kroan. De luchter krige dizze foarm fanwegen it feit dat doe it 25-jierrich kroaningsjubileum fan Wilhelmina fierd waard. Ek de jiertallen 1898 en 1923 yn de glês-yn-leadramen ferwize nei dat jubileum. Yn de ramen binne fierders wapens en de symboalen fan de evangelisten as dekoraasje ferwurke. <ref>https://monumentenregister.cultureelerfgoed.nl/monuments/520002 Uittreksel monumentenregister, Rijksdienst voor het Cultureel Erfgoed</ref>