Martinytsjerke (Snits): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 7:
De Martinytsjerke is boud yn de [[11e iuw]] en is boud fan [[dowestien]]. Nei alle gedachten hat yn de 11e iuw de âldste, houten tsjerke op dat stee boud west. Ein 13e iuw, doe Snits in stêd en in selsstannich dekanaat wurden wie, en it grutste part fan de gebouwen troch in stêdbrân ferwoastge waard, waard op dat stee in stienen tsjerke boud mei twa tuorren. Der waard ek in houten klokketoer út [[1489]], mei liedklokken út [[1466]] en [[1543]] byboud.
 
De hjoeddeiske tsjerke is út [[1498]], dan wurdewaard it koar en it skip fernijd yn de goatyske styl. De sakristy oan de súdkant is út de [[16e iuw]] en wurdt no as konsistoarjekeamer brûkt. Yn [[1681]] stoart it Romaanske westfront yn elkoar en dêrtroch ek de middelste fan de trije tuorren; de oare beide tuorren wurde ôfbrutsen. De tsjerke is slim beskeadige en wurdt werboud, mar de tuorren net. Yn de 18e iuw waard doe lykwols de dakruter ferfongen troch in koepel, dat yn [[1925]] moasten de pylders fan de tsjerke restaurearre wurde om't it tek it gewicht net drage koe.
Ek wurdt elektrisiteit oanlein. Ek yn de 70-er en 80-er jierren wurdt de tsjerke yngreven restaurearre.
De tsjerke leit op in terp yn it sintrum fan Snits; it is in trijebeukige basilyk, dêr't de âldere fûneminten yn it plaveisel fan it Alde Tsjerkhôfyn oanjûn binne. De tsjerke is simmerdeis op wykdagen middeis te besichtigjen en soms ek jûns.