Yndiaanske Niverheidsskoalle fan Carlisle: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 27:
De Yndiaanske Niverheidsskoalle fan Carlisle waard oprjochte troch [[Richard Henry Pratt]], in eks-[[kaptein (rang)|kaptein]] út it [[Amerikaanske Leger]] mei foarútstribjende ideeën, dy't earder de kommandant fan [[Fort Marion]], by [[St. Augustine (Floarida)|St. Augustine]], yn [[Floarida]], west hie, doe't dêr in groep Yndiaanske [[kriichsfinzene]]n út 'e [[Flakte-Yndiaanske Oarloggen]] fêstholden waard. Pratt wie fan miening dat Yndianen yn begjinsel like yntelligint wiene as [[jeropide ras|blanken]], en dat men harren inkeld de feardichheden oanleare moast dy't se yn 'e Westerske maatskippij nedich wiene, lykas kennis fan it [[Ingelsk]], lêzen en skriuwen, it [[kristendom]], ensfh. Dan soene se harsels rêde kinne en assimilearre wurde yn 'e blanke Amerikaanske befolking. Tsjintwurdich wurdt soks as [[kultuer|kulturele]] [[genoside]] beskôge, mar yn in tiid dat it grutste part fan 'e blanke befolking letterlike [[genoside]] de bêste oplossing foar de Yndianen fûn, wie soks in ferljochte idee.
 
Nei't de finzenen fan Fort Marion frijlitten wiene, besleat Pratt syn ideeën yn 'e praktyk te bringen. Yn [[1879]] fêstige er in [[ynternaat]] foar Yndiaanske bern yn guon leechsteande legerbarakken yn 'e stêd [[Carlisle (Pennsylvania)|Carlisle]], yn 'e noardeastlike [[Amerikaanske steat]] [[Pennsylvania]]. In jier letter, yn [[1880]] kaam in nij boud skoallegebou ree. Dy Yndiaanske Niverheidsskoalle, sa't Pratt it ynstitút neamde, wie de earste kostskoalle foar Yndiaanske bern bûten in [[Yndianereservaat]] dy't troch de Amerikaanske federale oerheid bekostige waard. By oankomst waard it lange hier fan 'e Yndiaanske skoaljonges ôfknipt en krigen sawol jonges as famkes Ingelske nammen tawiisd. It ûnoffisjele [[biedwurd]] fan 'e skoalle wie: "deadzje de Yndiaan, rêd [dêrmei] de minske". De bern waarden te Carlisle oan in op militêre wize oardere bestean ûnderwurpen, en krigen [[liifstraf]]fen as se har op lânseigen wize holden en droegen (troch bgl. har eigen [[taal]] te sprekken of oan har eigen [[god|goaden]] te bidden).
 
'Carlisle' ûntjoech him ta it model foar 26 oare Yndiaanske kostskoallen dy't it [[Buro fan Yndiaanske Saken]] yn fyftjin steaten en territoaria begûn, en foar hûnderten partikuliere ynternaten dy't oprjochte waarden troch [[sindeling]]en fan alderlei [[kristendom|kristlike]] denominaasjes. Yn 'e krapoan fjirtich jier tusken [[1879]] en [[1918]] waarden mear as 10.000 Yndiaanske bern fan 140 ûnderskate [[folk]]en en [[stamme]]n nei Carlisle ta stjoerd, hoewol't neffens ien boarne yn al dy tiid en fan al dy bern mar 158 learlingen ek wurklik ôfstudearren.<ref>Witmer, Linda F., ''The Indian Industrial School, Carlisle, Pennsylvania, 1879-1918'', Carlisle, [[1993]] (Cumberland County Historical Society), ISBN 0 96 38 92 304, op 'e omslach.</ref> It grutste tal learlingen bestie út [[etnyske groep|etnyske]] [[Lakota (folk)|Lakota]], [[Odjibwe (folk)|Odjibwe]], [[Seneka (folk)|Seneka]], [[Oneida (folk)|Oneida]], [[Sjeroky (folk)|Sjeroky]], [[Apachen]], [[Sjajinnen]] en [[Alaska]]anske [[Inûyt]].
[[File:Carlisle pupils.jpg|left|thumb|300px|In skoalfoto mei de learlingen fan 'Carlisle'.]]
 
Nei't Pratt it [[Buro fan Yndiaanske Saken]] yn it iepenbier ôfrinne litten hie om't dat de assimilaasje fan 'e Yndianen yn 'e blanke maatskippij behinderje soe, waard er yn [[1904]] twongen om mei pinsjoen te gean. Tsjin dy tiid wie de relevânsje fan 'Carlisle' al yn it neigean rekke, mei't der doe like goed ûnderwiis yn 'e reservaten sels foarhâns wie. De opienfolgjende direkteuren [[William A. Mercer]] ([[1904]]-[[1908]]), [[Moses Friedman]] ([[1908]]-[[1914]]), [[Oscar Lipps]] ([[1914]]-[[1917]]) en [[John Francis jr.]] ([[1917]]-[[1918]]) hiene it dreech troch ûnienichheden mank de [[dosint]]en en tsjinstelde druk dy't útoefene waard troch de [[Yndiaanske Kommisje]] en it [[Amerikaanske Leger]]. It tal learlingen naam fan [[1900]] oant [[1914]] stadichoan ôf, en ûnder de [[Earste Wrâldoarloch]] gie it sels mei in grutte sprong werom. Uteinlik waard besletten de skoalle te sluten, wat op [[1 septimber]] [[1918]] barde.
 
==Oansjen==