Iesumasyl: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 4:
 
== Untstean ==
By Iesumasyl komt de [[Suderie]], in âlde seeslink, út yn de eardere [[Lauwerssee]]. Al yn [[11e iuw]] moat dêr in [[slûs]] west hawwe, mar folle is dêr net oer bekend. Om [[1670]] hinne waard de [[syl]] by [[Eastrum]] ôfsletten. Dat besjutte dat [[East-Dongeradiel]] in nij plak sykje moast foar de ôfwettering. De kar foel op Iesumasyl. De Steaten besleaten om dêr inde nije slûs[[Slûs Iesumasyl]] te bouwen.<br>
 
De dyk waard ek ferlein sa dat der nij lân kaam. Yn [[1671]] waard mei it wurk út ein setten. It tafersjoch kaam yn hannen fan [[Michael Onuphrius thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg|Michaël Baron fan Schwartzenberg en Hohelandsberg]], grytman fan [[Dantumadiel]], en [[Philip Vegelin fan Claarbergen]], grytman fan [[Haskerlân]].
Der waard ek in goede ôfspraak makke oer de kosten. It gie oars faak sa dat men de lêsten foar de ôffier fan it wetter eins net betelje woe, want dat waard beskôge as in saak foar dejingen dy't ticht by de slûs wennen.