Frysk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
Rigel 100:
De [[Aldfrysk]]e perioade begûn eins daliks nei it ûntstean fan it Frysk yn 'e [[sânde iuw]], mar om't it mar oerlevere is fan likernôch [[1150]] ôf, wurdt dat jier gauris as begjin oanholden. Yn dizze snuorje kamen yn it Frysk noch [[namfal]]len foar en wie der ûnderskie tusken de manlike en froulike [[geslacht (grammatika)|grammatikale geslachten]].
 
De âldste oerlevere Fryske tekst wie lang in fragmintaryske [[Psalmen|psalm]]oersetting út 'e ein fan 'e [[tolfde iuw]], mar yn [[2015]] waard yn in fierders [[Latyn]]sktalich manuskript in koarte notysje yn it Aldfrysk ûntdutsen, besteande út 'e wurden ''Lesa mi, helpe mi'' ("Ferlos my, help my"), dy't datearret út 'e perioade [[1100]]-[[1125]].<ref>{{Aut|Boers, Erwin,}} ''Oudste Fries op perkament'', yn: de ''Ljouwerter Krante'', 23 juny 2015.</ref> Alle oare oerlevere teksten, benammentlik [[rjocht]]shânskriften, binne fan 'e [[trettjinde iuw]] of letter. De measten datearje út 'e [[14e iuw|fjirtjinde]] en [[fyftjinde iuw]], want tusken [[1300]] en [[1500]] belibbe it Frysk in grutte bloeitiid as skriuwtaal. It waard brûkt yn alle fasetten fan it bestjoer yn [[Fryslân]], en wie sa wichtich, dat al om [[1485]] hinne it earste drukte boek yn it Frysk ferskynde, de ''[[Alde Druk fan it Fryske Lânrjocht]]''. Dat is foar sa'n lytse taal tige seldsum, mei't de [[boekdrukkeunst]] amper 35 jier earder útfûn wie.
 
Om [[1500]] hinne kaam oan 'e bloeitiid fan it Frysk lykwols abrupt in ein. Foar in grut part wie dat in gefolch fan 'e machtsoername troch [[Albrecht fan Saksen]], yn [[1498]], dy't it Frysk as bestjoerstaal ferfong troch it [[Hollânsk]] en yn 'e jierren dêrnei in grut tal útlânske amtners oanloek. It Frysk waard weromkrongen nei it plattelân, dêr't it, relatyf isolearre fan it Hollânsk troch de minne ferbinings fan dy tiid, as sprektaal fan frijwol de hiele befolking fuortlibbe. De ein fan 'e Aldfryske perioade, dy't ornaris om [[1550]] hinne lein wurdt, kin lykslein wurde mei dizze weromfal fan skriuw- ta sprektaal.
Rigel 107:
=== It Midfryske tiidrek ===
{{Apart|Midfrysk}}
It begjin fan 'e [[Midfrysk]]e perioade (1550-1820) foel rûchwei gear mei it begjin fan 'e [[Tachtichjierrige Oarloch]] ([[1568]]) en it ûntstean fan 'e [[Republyk fan de Feriene Provinsjes]] ([[1585]]). Hoewol't der dus in nije snuorje fan frijheid oanbriek, krige it Frysk syn posysje fan foar [[1498]] net werom. Dat hie alles te krijen mei de opkomst fan [[Hollân]] as it oerhearskjende part fan 'e Republyk en fan it Hollânsk as de dominante taal yn [[polityk|bestjoerlike]], [[wet|juridyske]] en [[religy|religieuze]] oangelegenheden. Benammen it ferskinen fan 'e [[Steatefertaling]] (de troch de [[Steaten-Generaal]] autorisearre oersetting fan 'e [[Bibel]]), yn [[1637]], wie in mylpeal foar de ynfloed en fersprieding fan it Hollânsk, en hie jammerdearlike gefolgen foar de status en wurdskat fan it Frysk en oare minderheidstalen en dialekten yn 'e Republyk. Ek de [[Universiteit fan Frjentsjer]], de [[tsjerke]] as ynstitút, it [[ûnderwiis]] en letter de [[parse]] hawwe neat bydroegen oan it behâld fan it Frysk.<ref>{{Aut|Brouwer, J.H. et al. (red.)}}, ''Culturele problemen'', yn: ''Encyclopedie van Friesland''.</ref>
 
Yn it Midfryske tiidrek waard der sadwaande ek hast neat yn it Frysk skreaun, behalven [[sprekwurd]]esamlings en it wurk fan guon gelegenheidsdichters. De grutte útsûndering op dy regel wie [[Gysbert Japiks]] ([[1603]]-[[1666]]), in [[skoalmaster]] en [[foarsjonger]] út [[Boalsert (stêd)|Boalsert]], en ien fan 'e grutste [[skriuwer]]s en [[dichter]]s dy't it Frysk ea fuortbrocht hat. Mei syn dichtwurk, oersettings, brieven en benammen mei syn postúm yn [[1668]] ferskynde ''[[Friesche Rymlerye]]'' lei hy de grûnslach foar de moderne [[Fryske literatuer]] en [[stavering]].
Rigel 166:
Oer de [[taalbehearsking]] fan it Frysk is in soad [[statistyk|statistysk]] fêstlein. Begjin jierren fyftich telde [[ûnderwiisynspekteur]] [[Krine Boelens]] alle legere skoallebern yn 'e provinsje foar syn ''De Taal van het Schoolkind in Friesland''. Twa op 'e trije spriek Frysk as [[memmetaal]]. Op it Fryske [[plattelân]] (de [[Stellingwerven]] en [[it Bilt]] bûten beskôging litten) wie dat hast 95%. De bern dy't dêr net fan hûs út Frysktalich wiene, hiene it oer it algemien dochs as [[twadde taal]] oanleard, want de mienskipstaal en dêrmei ek de bernetaal wie hast sûnder útsûndering Frysk.<ref>{{Aut|Boelens, Krine}}, ''De Taal van het Schoolkind in Friesland'', 1956.</ref> Hast fyftjin jier letter publisearre [[Lieuwe Pietersen]] yn [[1969]] ''De Friezen en Hun Taal'' as it ferslach fan in represintative [[enkête]] ûnder 800 minsken. It tal lju dy't yn 'e hûs Frysk sprieken, wie net merkber feroare, mar dat wie gjin stabiliteit want op it plattelân wie it mei 10% werom rûn en yn 'e stêden mei 10% foarút gien. De feroaring op it plattelân kaam troch ynstream út 'e stêd en fan bûten Fryslân, wylst de feroaring yn 'e stêd it gefolch wie fan [[urbanisaasje]] fan plattelân ôf.
 
Tsien jier letter waard troch ûndersikers fan 'e [[Ryksuniversiteit Grins]] op 'en nij in represintative enkête holden, diskear ûnder mear as 1.100 respondinten, sadat finere details sichtber makke wurde koene. De útkomsten dêrfan waarden troch de [[Fryske Akademy]] ûnder de [[titel (namme)|titel]] ''Taal yn Fryslân'' publisearre yn [[1984]].<ref>{{Aut|Gorter, Jelsma, Van der Plank en De Vos}}, ''Taal yn Fryslân'', Ljouwert, 1984 (Fryske Akademy).</ref> Dêrút die bliken dat it tal Frysksprekkers op it plattelân op 'en nij 10% tebekrûn wie, en dat de winst yn 'e stêd net fêstholden wurde koe. Oer it ginneraal spriek 56% fan 'e respondinten yn 'e hûs Frysk, mar mei dejingen dy't de taal as twadde taal brûkten, kaam it totaal op 73%. Ferstean koene 93% it Frysk. Dit ûndersyk waard op deselde wize werhelle yn [[1994]] en wiisde út dat doe fan 'e likernôch 615.000 ynwenners fan 'e provinsje [[Fryslân]] 55% it Frysk as memmetaal hie. Fierders waard fêststeld dat 94% Frysk ferstean, 74% Frysk prate, 65% Frysk lêze en 17% Frysk skriuwe koe.<ref>{{Aut|Gorter, Durk, en Jonkman, Reitze}}, ''Taal yn Fryslân op 'e Nij Besjoen'', s. 8.</ref> Hjir waarden noch gjin grutte feroarings sichtber mei it ûndersyk út [[1984]].
 
In enkête út [[2010]], dy't troch it ûndersyksburo ''Flycatcher'' holden waard ûnder 1.775 Nederlanners (en inkelde fragen nei it Frysk 'meinaam' hie), joech as útslach dat it Frysk doe noch altyd troch justjes mear as de helte fan 'e ynwenners fan Fryslân as memmetaal sprutsen waard (wat likernôch oerienkomt mei de 55% út it ûndersyk fan [[1994]]). Neffens dizze beheinde en dus net alhiel ferlykbere enkête soe fierders fan 'e ynwenners dy't yn 'e provinsje hikke en tein wiene, 80% Frysk prate kinne en 100% Frysk ferstean kinne. Fan 'e 'ymport' joech 75% oan Frysk ferstean te kinnen en 12% dat se it dêrnjonken ek sprekke kinne.<ref>[https://www.flycatcher.eu/news/item/nwsE9DF3/media/images/Resultaten_Friesland.pdf ''De ‘echte’ Fries spreekt nog steeds Fries!''], Flycatcher Interner Research (sjoen op 11 desimber 2010).</ref> In tal enkêtes op lytsere skaal dat sûnt [[2010]] holden waard, lit lykwols in oar en ûnderling ôfwikend byld sjen. Der blykt in groeiende ôfstân te bestean tusken it brûke kinnen en it feitlik ek brûken fan it Frysk. Benammen it tal minsken dat Frysk skriuwe kin, is ûnwis, om't yn 'e enkêtes gjin foaropstelde definysje jûn wurdt fan wat ûnder 'skreaun Frysk' ferstien wurdt. Ien wichtich gegeven fan it feroaringsproses yn in ôfrûne heale iuw is dat it Frysk foar de Frysksprekkers net mear harren sprutsen haadtaal bleaun is, mar dat hja it Nederlânsk as in folslein behearske twadde, of sels lykweardige, sprektaal leard hawwe te brûken.
Rigel 284:
It ferfryskjen fan [[geografy]]ske nammen giet gauris mank mei in protte rebûlje. Oer it generaal kin steld wurde dat it de ûndernimmers binne dy't har der út alle macht tsjin fersette, om't it de [[ekonomy]] skea tabringe soe. Hoewol't fan soks noch nea wat bliken dien hat by de gemeenten dy't fanôf [[1989]] harren plaknammen ferfryske hawwe, wurdt dat ferlechje alle kearen weroan fan stâl helle. Yn 'e gemeenten [[Wûnseradiel]] en [[Wymbritseradiel]], dy't yn [[2011]] opgien binne yn [[Súdwest-Fryslân]], is op dy wize de plaknammeferfrysking ek wier-wier opkeard.
 
Per [[1 jannewaris]] [[2014]] is Boarnsterhim opheft, en it grûngebiet fan 'e eardere gemeente is ferdield oer de gemeenten [[Ljouwert (gemeente)|Ljouwert]] en [[it Hearrenfean (gemeente)|it Hearrenfean]] en de nije fúzjegemeenten [[Súdwest-Fryslân]] en [[De Fryske Marren]]. Ljouwert en it Hearrenfean hawwe in Nederlânske gemeentenamme, en binne út noch yn net fan doel om dy te ferfryskjen. Lykwols binne se troch de anneksaasje fan in diel fan Boarnsterhim foar de wet de opfolger fan dy gemeente, en om't it ûnder it [[Jeropeesk Hânfêst foar Regionale of Minderheidstalen]] simpelwei ferbean is om boargers har taalrjochten te ûntnimmen (it hawwen fan in gemeentenamme yn har eigen taal ynbegrepen), sille dy beide gemeenten úteinlik dochs omlyk moatte. [[Cor Jousma]], fan 'e [[Topografyske Wurkgroep Fryslân]], sei dêroer yn 'e ''[[Ljouwerter Krante]]'': ''"Minsken út de gemeente Boarnsterhim ha dizze namme yn har paspoart te stean. It kin net sa wêze dat de Fryske gemeentenamme yn in offisjeel dokumint plakmeitsje moat foar in Hollânsktalige namme. Dat soe in efterútgong fan de status fan in minderheidstaal betsjutte. En dat mei net."'' Neffens boargemaster [[Ferd Crone]] fan Ljouwert is ferfrysking fan 'e gemeentenamme lykwols net nedich, om't de [[Gemeentewet]] boppe it Jeropeesk Hânfêst giet. Dat liket tige ûnwierskynlik, mei't Jeropeeske ferdraggen oant no ta frijwol altyd foarrang krigen hawwe. Neffens de Topografyske Wurkgroep hoecht der mar ien boarger te wêzen dy't nei de rjochter stapt, en dan komt de Frysktalige gemeentenamme der gewoan. De [[Ried fan de Fryske Beweging]] hat foar dat doel al it [[Fryslân Fûns]] oprjochte, om gewoane minsken by de gong nei de rjochter finansjeel te stypjen. De Wurkgroep ferwachtet fierder ek dat ynwenners fan 'e fjouwer opfolgergemeenten fan Boarnsterhim tenei mei súkses de ferfrysking fan 'e namme fan har eigen doarp by de rjochter ôftwinge kinne sille, mei't it net sa wêze kin dat binnen ien en deselde gemeente de ynwenners fan bygelyks [[Wergea]] wol en dy fan [[Wurdum]] net rjocht hawwe op in plaknamme yn 'e eigen taal.<ref>{{Aut|Boers, Erwin, en Grosso, Maria del}}, ''‘Naam Ljouwert is onvermijdelijk’'', yn: de ''Ljouwerter Krante'', 25 jannewaris 2014.</ref>
[[File:Briefmarke_50_Jahre_Friesenrat.jpg|left|thumb|250px|In [[Dútslân|Dútske]] postsegel út [[2006]], ta gelegen-heid fan it 50-jierrich bestean fan 'e [[Fryske Rie]], wêryn't kontakten mei [[East-Fryslân]] en [[Noard-Fryslân]] ûnderholden wurde.]]
 
Rigel 299:
=== Yn 'e media ===
==== Yn 'e deiblêden ====
Yn 'e [[media]] hat it Frysk wikseljende resultaten boekt. Yn 'e [[krante|skriuwende parse]] wurdt it Frysk mar yn likernôch 5% fan 'e artikels brûkt yn 'e beide provinsjale [[krante]]n, de ''[[Ljouwerter Krante]]'' en it ''[[Frysk Deiblêd]]''.<ref>{{Aut|Ytsma, Jehannes}}, ''De taal fan famyljeberjochten'', yn: de ''Ljouwerter Krante'', 19 maaie 2000.</ref> Op in ynternasjonale konferinsje oer twatalichheid en [[sjoernalistyk]], dy't begjin [[juny]] [[1999]] yn [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]] holden waard, besauden [[Welsk|Welsen]], [[Finlânsweedsk|Finlânsweden]], [[Katalaansk|Katalanen]] en oare leden fan [[minderheid|taalminderheden]] yn 'e [[Jeropeeske Uny]] har oer dy miste kâns. Yn oare [[minderheidstaal]]gebieten spylje nammentlik de krante(n) in wichtige rol yn 'e taalstriid, en ferskine se (hast) hielendal yn 'e minderheidstaal.<ref>{{Aut|Riemersma, Gerrie}}, ''Internationale verbazing over Fries in kranten'', yn: de ''Ljouwerter Krante'', 5 juny 1999.</ref>
[[File:Leeuwarder Courant (bijlagen) 01.jpg|right|thumb|200px|De ''[[Ljouwerter Krante]]'' mei wyklikse taheakken.]]
 
De doetiidske [[redakteur|haadredakteur]] [[Pieter Sijpersma]] fan 'e ''Ljouwerter Krante'' makke him derôf troch te sizzen dat it mei 5% Frysk yn 'e krante mear as takin. ''"Teveel Fries irriteert de lezers,"'' sa wie syn ûnderfining, ''"De overschakeling van Nederlands naar het Fries in een artikel leidt de lezers af. Ze begrijpen het niet en ze vinden het niet mooi. Zou de krant overwegend in het Fries zijn geschreven, dan is het einde van de Leeuwarder Courant gauw in zicht."'' En oer de maatskiplike ferantwurdlikheid fan 'e Fryske deiblêden: ''"Wij voelen ons verantwoordelijk voor de krant en meer niet."'' Wol wurde yn 'e ''Ljouwerter Krante'' en it ''Frysk Deiblêd'' Fryske sitaten yn fierders Nederlânsktalige artikels yn it Frysk werjûn, wat unyk is foar [[Jeropa]], mar inkeld om't yn oare kranten út minderheidsgebieten it hiele [[artikel (publikaasje)|artikel]] yn 'e minderheidstaal steld is.<ref>{{Aut|Riemersma, Gerrie}}, ''Internationale verbazing over Fries in kranten'', yn: de ''Ljouwerter Krante'', 5 juny 1999.</ref>
 
Ut in breed ûndersyk út [[1994]] die trouwens bliken dat it fral Nederlânsktaligen binne dy't har oan it Frysk yn 'e kranten steure. De measte Frysktaligen is it ien toetmem oft in [[artikel (publikaasje)|artikel]] yn it Frysk of it Nederlânsk steld is. Neffens taalûndersiker [[Durk Gorter]] soe it dan grif ek net sa'n feart rinne mei de ein fan 'e ''Ljouwerter Krante'' as der wat mear Frysk brûkt waard.<ref>{{Aut|Riemersma, Gerrie}}, ''Internationale verbazing over Fries in kranten'', yn: de ''Ljouwerter Krante'', 5 juny 1999.</ref> Sûnt [[2009]] bestiet de Frysktalige [[ynternet]]krante ''[[It Nijs]]'', dy't oprjochte is op inisjatyf fan 'e [[Ried fan de Fryske Beweging]], en him ta doel stelt om 'e Friezen op in folweardige manear wrâldnijs yn 'e eigen taal oan te bieden. Dit digitale deiblêd kaam neitiid lykwols yn opspraak troch [[amateurisme]],<ref>[http://www.wegmetderandstad.nl/wordpress/?tag=it-nijs ''It Nijs'' op it bloch fan Cornelis van der Wal.]</ref> dubieuze praktiken lykas it oanhâldend bringen fan ûnkorrektheden en it wegerjen om dy te [[rektifikaasje|rektifisearjen]],<ref>[http://www.itnijs.frl/2012/05/sp-yn-aksje-yn-skarsterlan/#comments Opmerkings riedslid Johan Meester oer ''It Nijs''.]</ref> en beskuldigings fan [[sinsuer]] op reäksjes fan lêzers.<ref>[http://webdok.nl/?p=2529 {{Aut|Vries, Daam de Vries}}, ''Sensuer by de djipfriezen''.]</ref>
[[File:Doutzen_Kroes_Praat_mar_Frysk.jpg|left|thumb|220px|[[model (berop)|Topmodel]] [[Doutzen Kroes]] as boechbyld fan 'e aksje [[Praat mar Frysk]].]]
 
==== Yn famyljeberjochten ====
Yn 'e famyljeberjochten yn 'e beide provinsjale deiblêden wurdt wol hieltyd mear Frysk brûkt. Neffens in telling út it begjin fan 'e santiger jierren wie doe 12% fan 'e famyljeberjochten yn it Frysk, neffens in telling út [[1991]]-[[1992]] 23% en neffens in stekproef út [[2000]] sa'n 30%.<ref>{{Aut|Ytsma, Jehannes}}, ''De taal fan famyljeberjochten'', yn: de ''Ljouwerter Krante'', 19 maaie 2000.</ref>
 
==== Yn tydskriften ====
Rigel 325:
 
==== Op it ynternet ====
Op it [[ynternet]] is in grut tal Frysktalige [[webstee]]ën te finen, dy't in grut skala oan ûnderwerpen behannelje. Sa wurdt sûnt [[2 septimber]] [[2002]] wurke oan 'e [[Haadside|Fryske Wikipedy]], dy't op it stuit {{NUMBEROFARTICLES}} siden hat. Om yn it Frysk makliker tekstferwurkje te kinnen, hat it Amerikaanske [[information technology|IT]]-bedriuw [[Microsoft]] yn gearwurking mei de [[Fryske Akademy]] yn [[2000]] in Fryske staveringshifker ûntwikkele.<ref>{{Aut|Bosker, Fokko}}, ''Microsoft met Fries in politiek mijnenveld'', yn: de ''Ljouwerter Krante'', 9 febrewaris 2000.</ref> Foar ''[[Apache OpenOffice|OpenOffice]]'' is der sûnt febrewaris [[2007]] ek in staveringshifker. Utlis oer it ynstallearjen fan de Fryske staveringshifkers yn ferskillende programma's is te finen yn [[Frysk op kompjûters]].
[[File:Firefox Input 1.8 en linuksa Minefield en la okcidentfrisa.png|left|thumb|250px|In Frysktalige ferzje fan 'e [[ynternet]]browser ''Firefox''.]]
 
Sûnt begjin [[2005]] is der fan de [[e-blêder]] ''Opera'' in Fryske ferzje beskikber. Ek is der in Fryske ferzje fan 'e [[websneuper]] ''[[Mozilla Firefox|Firefox]]'' te krijen. Dy kin men fergees ynlade op [http://www.mozilla-nl.org/projecten/frysk dizze side]. Yn ''Firefox'' is it ek mooglik om in Fryske staveringshifker yn te stekken. Dy kin men [https://addons.mozilla.org/nl/firefox/addon/5679 hjirre] fine. Dêrnjonken kaam yn [[2009]] ek in Fryske ferzje út fan it fergeze [[e-mail]]programma [[Thunderbird|Thunderbird 3.0]], fan deselde produsint. Dy Fryske ferzje waard mei stipe fan 'e provinsje Fryslân makke troch [[Wim Benes]] en [[Hindrik Sijens]].<ref>[http://www.leeuwardercourant.nl/nieuws/regio/article5515853.ece/E-mailprogramma-in-het-Fries E-mailprogramma in het Fries], yn: de ''Ljouwerter Krante'', 3 desimber 2009 (sjoen op 4 desimber 2009).</ref> Fierders is it Frysk ien fan 'e 45 talen wêryn't de ynternetsykmasine [[Google]] ynsteld wurde kin. Ek kaam yn novimber [[2014]], op 'e nij troch de ynset fan Benes en Sijens, diskear holpen troch in kloft frijwilligers, de folslein Fryske ferzje fan [[Facebook]] ôf.<ref>{{Aut|Grosso, Maria del}}, ''Laatste spurt naar 'folslein' Frysk Facebook'', yn: de ''Ljouwerter Krante'', 29 novimber 2014.</ref> En op it webstee [[www.hallofryslan.nl]] kinne wurden fan Frysk yn it Nederlânsk en oarsom oersetten wurde.
 
=== Yn 'e keunsten ===
Rigel 518:
 
====Einûntstimming====
In ferskynsel dat it Frysk mei it [[Dútsk]] en it [[Nederlânsk]] gemien hat, is [[einûntstimming]]. Dêrby wurde stimhawwende [[konsonant|bylûden]] oan 'e ein fan wurden stimleas. Men seit dus fan "reade", mei in [d], mar fan "read", mei in [t]. It [[Ingelsk]] hat soks net; dêr seit men fan ''red'', mei in hearbere [d] oan 'e ein; mei oare wurden, yn it Ingelsk bestiet der dus in útspraakferskil tusken ''let'' ([lɛt]; "litte") en ''lead'' ([lɛd]; "lead"). Yn it Frysk moat sa'n útspraak oarspronklik ek bestien hawwe, en yn it tige behâldende [[Skiermûntseagersk]] komt it by hiel âlde sprekkers noch foar.<ref>{{Aut|Jansen, Mathilde, en Oostendorp, Marc van}}, ''Taal van de Wadden'', De Haach, 2004, s. 38.</ref>
 
===Wurdskat===
Rigel 535:
 
====Ynternasjonalismen====
In selde byld lit de grutte en groeiende kloft [[ynternasjonalisme]]n sjen dy't it Frysk oernommen hat. Dêrby moat men tinke oan wurden as "kompjûter", "sport", "wykein", "terapeut", "biology", "tillefyzje", "akwadukt", "traine" en "religy". Dy wurden komme tsjintwurdich yn hast alle [[Jeropa|Jeropeeske]] talen foar; der binne mar inkelen, lykas it [[Iislânsk]], dy't foar al sokke begripen in eigen wurd betinke. Yn Fryslân bestiet oer it algemien frijwat wjerstân tsjin ynternasjonalismen, benammen ûnder lju dy't fan har berop út mei it Frysk omslane, lykas skriuwers en ûnderwizers. In grut diel fan dy kategory sil bgl. leaver it wurd "godstsjinst" brûke as "religy" en leaver "oefenje" as "traine". Ek besteane der foarmen dy't fanút dizze groep propagearre wurden binne, mar dy't it net helle hawwe en sadwaande fierhinne yn it ferjit rekke binne, lykas "sneinoer", foar "wykein". Lykwols hat it ferset tsjin ynternasjonalismen nea algemien west; sa wie de skriuwer, oersetter en letterkundige [[Douwe Kalma]] ([[1896]]-[[1953]]) krekt in grut foarstanner fan 'e opname fan soksoarte wurden yn it Frysk. Hy ferwiisde nei it Ingelsk, dat ek in ûnbidige soad lienwurden út oare talen ta him nommen hat, sûnder dat it dêr in sprút minder fan wurden wêze soe.<ref>{{Aut|Breuker, Pieter}}, ''Fries, het Broertje van'', yn: Nicoline van der Sijs, ''Taaltrots: Purisme in een Veertigtal Talen'', s. 81.</ref>
 
In punt dat hjirmei besibbe is, is de ferfrysking fan sokke ynternasjonalismen. Yn 'e hjirboppe neamde foarbylden waard al sprutsen fan "tillefyzje" ynstee fan "telefyzje"; dat is in oanpassing fan in frjemd wurd oan 'e útspraak fan it Frysk. "Tillefyzje" klinkt Frysker en glidet in Fries no ien kear makliker fan 'e tonge as "telefyzje". Oare foarbylden fan sa'n ferfrysking fan ynternasjonalismen binne "siktaris" ("sekretaris"), "rimmetyk" ("reumatyk"), "perfester" ("professor") en "sitewaasje" ("situaasje"). Lange tiid bestie ek dêr grutte wjerstân tsjin; soks paste in himsels respektearjende taal ommers net, it wie de útspraak fan in dommenien en wa't soks die, makke sawol himsels as it Frysk bespotlik. Sadwaande die de generaasje fan mids tweintichste iuw al sokke foarmen yn 'e ban. Stadichoan komme se lykwols allegear wer werom. En wêrom ek net, sa betoogde skriuwer [[Trinus Riemersma]] yn [[1996]]. In grutte taal as it Ingelsk docht soks krekt-en-gelyk: ''psychology'' en ''architect'' hawwe wol har Frânske skriuwwize beholden, mar wurde útsprutsen as "saikòlledzjy" en "aketekt".<ref>{{Aut|Riemersma, Trinus}}, ''Frysk Frysk'', yn: ''Frysk en Frij'', desimber 1996.</ref>
 
====Fêstlizzing fan 'e wurdskat====
Rigel 1.296:
== Foarútsichten ==
[[File:Waling Dykstra 1871.jpg|right|thumb|180px|[[Waling Dykstra]].]]
Al iuwenlang binne der om it hoartsje lju dy't de ûndergong fan 'e Fryske taal binnen fyftich of hûndert jier foarsizze. Sokke "ûnheilsprofeten" wiene bygelyks [[Foeke Sjoerds]] yn [[1765]], [[Johan Winkler]] yn [[1868]], [[Waling Dykstra]] yn [[1884]], [[Jan Jelles Hof]] yn [[1927]], en [[Tony Feitsma]] yn [[1962]].<ref>{{Aut|Keulen, Binne}}, ''Het Fries overleeft ook de 21ste eeuw'', yn: de ''Ljouwerter Krante'', 31 desimber 1998.</ref> Yn dit ferbân moat men der rekken mei hâlde dat it begryp 'ûndergong' by de âldere skriuwers net needsaaklikerwize betsjut dat de Frysktaligen op it Nederlânsk oergiene en harren memmetaal falle lieten. Yn Waling Dykstra syn tiid, bygelyks, spriek fierwei it meastepart fan 'e befolking nei wenst Frysk, mar rûn de kwaliteit fan 'e sprektaal bot werom. Der kamen gjin nije Fryk begripen by foar nije ferskynsels; dêrfoar waarden [[lienwurd]]en út it Nederlânsk oernommen. It Nederlânsk waard dêrmei ymplisyt as noarm erkend. (Dykstra sei dêrom: "it Frysk hat de tarring.") As hjoed de dei oer 'ûndergong' sprutsen wurdt, giet it lykwols net allinnich om in kwalitative, mar ek om in kwantitative efterútgong, as Fryske memmetaalsprekkers de taal mar amper of alhiel net mear brûke of de taal net trochjouwe oan harren bern.
 
Yn [[1951]] waard in telling ûnder alle skoalbern holden troch [[ûnderwiisynspekteur]] [[Krine Boelens]]. Twatrêde part hie as memmetaal it Frysk. Op it Fryskstalige [[plattelân]] fan 'e provinsje wie dat hast 95%. De bernetaal wie dêr foar hast elk Frysk; net fan hûs út Frysktalige bern learden en sprieken Frysk troch de omgong mei harren wol Frysktalige leeftydsgenoaten. Yn [[1967]] waard der troch [[Lieuwe Pietersen]] foar it earst in represintative [[enkête]] oer de posysje fan it Frysk holden. It die bliken dat doe 71% fan 'e ynwenners fan Fryslân it Frysk as memmetaal hie. Yn [[1980]] fûn der op 'e nij in represintative enkête plak en dêrút bliek dat doe noch mar 55% fan 'e ynwenners fan Fryslân it Frysk as memmetaal hie. Dat wie dus in efterútgong fan 16% yn trettjin jier&nbsp;– of alteast sa liek it op it earste gesicht. As men dat persintaazje ferrekkenet mei de útstream fan Frysktaligen út Fryslân, de ynstream fan Nederlânsktaligen yn 'e provinsje en de groei fan 'e Fryske befolking, dan ûntstiet der in nuansearder byld. Doe't der yn [[1994]] wer in enkête holden waard, neffens it stramyn fan dy fan [[1980]], wie it persintaazje Frysktaligen stabyl bleaun op 55%. As men dat ferrekkenet mei de befolkingsgroei yn Fryslân yn de tuskenlizzende perioade (fan sa'n 580.000 nei 615.000), kin men dus stelle dat der yn dy perioade in absolute taname fan Frysktaligen west hawwe moat fan rom 19.000. En dan is [[emigraasje]] út 'e provinsje wei troch foar in grut part Frysktaligen en [[ymmigraasje]] nei de provinsje ta troch foar in grut part Nederlânsktaligen net meirekkene. Hoewol't harren relative oandiel yn 'e befolking fan Fryslân foàr [[1980]] ôfnommen en dêrnei gelyk bleaun is, kin dus steld wurde dat der, yn absolute sifers ynstee fan persintaazjes, noch nea yn 'e skiednis safolle Frysktaligen west hawwe as hjoed de dei. Under harren nimt fierders it tal twadde-taalsprekkers ta.