Tsjerke fan Piaam: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 37:
Oant 1555 hie it oan [[Nikolaas fan Myra]] wijde tsjerkje noch in reiten tek. Tegearre mei it ferfangen fan houtwurk en de reparaasje fan de pastory krige de tsjerke sûnt dy tiid in laaien tek. Mei de restauraasje healwei de 20e iuw kamen de laaien net werom en waarden se ferfongen troch Fryske dakpannen.<ref>Stifting Ald Makkum - Aldnijs 37, O. Gielstra septimber 2004</ref>
 
In tekening fan 1722 byldet it tsjerkje noch mei in [[sealtek]]toer ôf. Yn de 18e iuw waard de westlike gevel op'e nij boud en krige it tsjerkje de hjoeddeiske [[dakruter]].
 
Mei de restauraasje fan de jierren 1950 krige de tsjerke in gotysker oansjen troch it ynbringen fan spitsbôgefinsters yn de súdlike muorre. De noardlike muorre hat gjin finsters mear.
 
It [[skip (tsjerke)|ienskepige]] tsjerkje hat in fjouwersidich [[koer (tsjerke)|koer]], itjinge yn Fryslân fierder allinnich by de tsjerken fan [[Nes (Dongeradiel)|Nes]] en [[Jouswier]] foarkomt.<ref>[http://www.frieschdagblad.nl/index.asp?artID=12371 Frysk Deiblêd, 13 maaie 2003]</ref> De yngong fan de tsjerke leit oan de westlike kant, de noarder- en sudertagong binne tichtset.