Stasjon Snits: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Mysha (oerlis | bydragen)
Ik haw wat keppelings oanpast en de efterhelle plannen nei de doetiid werskreaun.
kt
Rigel 1:
[[Ofbyld:Station Sneek 04.JPG|thumb|''Stasjon Snits'']]
'''Stasjon Snits''' is it stasjon yn de stêd [[Snits (stêd)|Snits]]. It stasjon is iepene tagelyk mei de iepening fan it earste part fan it [[spoar fan Ljouwert nei Starum]] ([[16 juny]] [[1883]]). Snits wie doe noch it einpunt. Twa jier letter, op 8 novimber [[1885]], wie it spoar oan Starum ta klear.
 
It stasjonsgebou fan Snits is net unyk yn syn soarte. It stasjonûntwerp wurdt ek wol [[Standerttype Snits]] neamd en waard yn de jierren 80 fan de [[19e iuw]] brûkt foar fiif Nederlânske spoarstasjons. Hjirfan binne noch trije oer. De oerkaping fan dit stationstype wie foar elk stasjon lyk. [[Korintyske oarder|Korintyske pylders]] fan [[jitizer]] ûnderstypje in houten kape, dy't de lingte fan it gebou beslacht.
Rigel 11:
[[Ofbyld:Station Sneek 02.JPG|thumb|[[Waadrinner (spoarweimaterieel)|Waadrinner]]-treinstel oan it twadde perron.'']]
 
Yn july 2004 is it gebou, datearjend fan [[1882]], restaurearre, dêr't ûnder oare de ûnsjogge 'jierren 60-luifel' by weihelle is. Dêrnei fêstige it [[Nasjonaal Modelspoar Museum]] him yn de destiidske stasjonsrestauraasje. It museum waard op 29 jannewaris [[2005]] iepene troch de destiidske [[kommissaris fan de Keninginne]] fan Fryslân en treinleafhawwer [[Ed Nijpels]]. Yn it gebou siet ek de Taksysintrale Snits, dy 't yn dy tiid it loket weriepene hat.
 
Yn [[2007]] waarden plannen útskreaun foar de ûntwikkeling fan [[Stoom Stêd Snits]], in [[pretpark]] om it tema '[[stoom]]'. Underdiel hjirfan wie ûnder mear de stoomtrein Snits-Starum; de line soe eksploitearre wurde troch de [[Fryske Stoomtrein Maatskippij]] (FStM). Stoomstêd siet fuort súdwest fan stasjon Snits; it hie medio [[2012]] iepen moatten, mar it is der net fan kaam.
Rigel 23:
}}
[[Kategory:Spoarstasjon yn Fryslân|Snits]]
[[Kategory:Bouwurk yn Snits]]
[[Kategory:Ryksmonumint yn Snits]]
[[Kategory:Bouwurk út 1882]]