Bundesautobahn 27: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
L red
Rigel 9:
Meidat de A27 in ferbining foarmet tusken de havens fan Bremen, [[Bremerhaven]] en Cuxhaven wurdt dy in soad brûkt troch it frachtferkear.
 
De A27 ûntstie yn 'e tritiger jierren, doe't tusken [[1933]] en [[1937]] it earste grutte trasee oanlein waard. Fan 'e fyftiger jierren oant [[1987]] waard de wei oanhâldend yn sawol noardlike as súdlike rjochting ferlingd en ferbettere ta ferfanging fan de [[Bundesstraße 6|B6]].
 
Yn novimber 2005 wie de ferbouwing fan 4 nei 6 rydstroken tusken Bremen-Überseestadt en Bremen-Burglesum (ek wol ''Blocklandautobahn'' neamd) klear, om de deiske stromen pindelers opfange te kinnen. Dêrby kaam it sels ta ûnienigens tusken Bremen en it stedsje [[Osterholz-Scharmbeck]] omdat troch nike bepaadwizering by de ôfrit [[Ritterhude]]-Süd it stedsje net mear op de ôfritboerden stie.