Petrustsjerke (Wânswert): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
Nije Side: {{Ynfoboks bouwurk | namme = Petrustsjerke | ôfbylding = Wânswert, Petrustsjerke.jpg | ôfbyldingsbreedte = | ôfbyldingstekst...
 
LNo edit summary
Rigel 19:
| sloopjier =
| arsjitekt =
| boustyl = [[Gotyk]]
| oerbrêget =
| tunnelet ûnder =
Rigel 33:
 
== Skiednis ==
De tsjerke waard boud op in terp dy't út de [[izertiid]] stamt en as archeologyskargeologysk monumint beskermd wurdt. Oan de sudlike kant is de terp foar in grutste part ôfgroeven en moat in muorre de tsjerke beskermje tsjin fersakjen. De âldste dielen fan de tsjerke binne yn it ynwindige [[koer (tsjerke)|koer]], dêr't noch [[dowestien]] fûn is. Neffens in rekken fan it aartsbisdom Utert is it koer yn 1335 troch in wijbiskop ynwijd. It útwindige fan it koer waard nei in skinking yn 1778 ommitsele.
 
De massive toer en it [[skip (tsjerke)|skip]], dat mar in bytsje breder is as de toer, datearje út de 16e iuw.
[[File:Intenieur, aanzicht orgel, orgelnummer 1602 - Wânswert - 20417656 - RCE.jpg|thumb|left|250px|''Hardorff-oargel (foar de restauraasje)'']]
== Ynterieur ==
It ynterieur foldocht oan de tradisjonele yndieling fan in Fryske herfoarme tsjerke. Oan de súdlike muorre stiet de [[preekstoel]] mei it doophek, dy't út de 19e iuw stamme; faaks is it rêchstik âlder en 18e iuwsk. Foar de preekstoel leit in grutte sark út 1562 foar Sipt fan Goslingha en Paerk Zyaerda, de bewenners fan it eardere, súdeastlik fan de tsjerke lizzende, Goslinga State. Oare sarken binne fan 1737 en 1733. De wapens op de sarken binne der yn de Frânske tiid ôfhakt. Oan de lofter kant fan it middenpaad steane de iepen banken foar de froulju opsteld en rjochts de sletten banken foar de manlju. Yn it koer steane noch in tal ienfâldige banken mei paneelwurk.
 
== Oargel ==