Tsjalling Hiddes Halbertsma: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
Rigel 36:
Doe't yn [[jannewaris]] [[1809]] Hidde Halbertsma kaam te [[ferstjerren]],<ref>Wiersma, s. 8-9.</ref> yn [[desimber]] fan datselde jier yn 'e dea folge troch Ruerdtsje Binnerts,<ref>Breuker 1993, s. 592.</ref><ref>Wiersma, s. 9.</ref> waarden de bruorren op jonge jierren [[wees]]. Joast, de âldste broer, [[studearre]] yn dy tiid yn [[Amsterdam]],<ref>Wiersma, s. 9.</ref> wylst Eeltsje, de jongste, yn [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]] [[yn 'e kost]] wie, dêr't er nei de [[Latyn]]ske [[skoalle]] gie.<ref>Breuker 1993, s. 592.</ref> It foel sadwaande oan Tsjalling ta om mei de help fan [[feint]]en de [[bakkerij]] fan harren heit draaiende te hâlden oant de trêde broer, Binnert, âldernôch wie om 'e saak fan him oer te nimmen.<ref>Wiersma, s. 9.</ref>
 
Tsjalling Halbertsma gie doe oan it wurk by in [[omke]] yn Grou, dy't [[keapman]] yn [[bûter]] en [[tsiis]] wie.<ref>Breuker 1993, s. 587.</ref><ref>Wiersma, s. 9.</ref> Doedestiden [[tsjernjen|tsjernen]] en [[tsiizjen|tsizen]] de [[boerinne]]n thús op 'e [[pleats]], yn 'e [[molkenkelder]]; dêrnei waarden harren produkten opkocht troch keaplju dy't se fierder ferhannelen.<ref>Twerda, s. 296.</ref> Halbertsma naam nei ferrin fan tiid it [[bedriuw]] fan syn omke oer, dat er dêrnei stadichoan fierder útboude.<ref>Breuker 1993, s. 587.</ref><ref>Terpstra, s. 320.</ref> Yn 't earstoan wied er [[kommisjonêr]] foar it [[Amsterdam]]ske [[hannel]]shûs Pijnakker, mar letter kocht er op eigen manneboet yn Fryslân [[suvel]]produkten op, dy't er mei oansjenlike [[winst]] ferhannele yn [[Londen]].<ref>Breuker 1993, s. 591.</ref> Halbertsma waard in fermogend man, dy't mei syn broer Binnert (dy't de bakkerij ferkocht hie en in [[hout]]hannel begûn wie), mei mar tsien oare grutte ûndernimmers lykas [[Freerk Fontein|Fontein]] fan [[Harns (stêd)|Harns]], [[Michiel Hylkes Tromp|Tromp]] fan [[Wâldsein]], [[Hâns Klazes Wouda|Wouda]] fan [[Snits (stêd)|Snits]] en [[Dirk Zeper|Zeper]] fan [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]] sit hie yn 'e (doe nije) Fryske [[Keamer fan Keaphannel]].<ref>Breuker 1993, s. 587.</ref> Fan [[1850]] oant syn dea hied er fierders ek sit yn 'e [[Provinsjale Steaten fan Fryslân|Steaten fan Fryslân]].<ref>Breuker 1993, s. 591.</ref>
 
Yn [[1837]] liet Halbertsma yn Grou in grutte nije wente sette, dêr't syn bruorren yn harren [[brieven]] wakker fan bearden.<ref>Breuker 1993, s. 591.</ref> Ek klaaide er him nei de lêste [[moade]], en Eeltsje beklaaide him der yn [[1841]] sels oer dat syn broer in [[dandy]] wurden wie.<ref>Breuker 1993, s. 591.</ref> Mar einlings misrekkene Halbertsma him raar, want yn [[1848]] rekke er yn panyk doe't syn [[oandiel (beurs)|oandielen]] slim oan wearde ferlearen. Hy ferkocht se en belei syn [[jild]] yn [[rogge]], en doe't dy merk ek ynstoarte, litte er slimme verliezen en rekke rûchwei de helte fan syn fermogen kwyt.<ref>Breuker 1993, s. 591.</ref> Dat wie benammen foar syn [[ego]] in slimme klap, dy't er net wer te boppen kaam.<ref>Breuker 1993, s. 591.</ref>