Hector Livius Haersma fan Vierssen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
Pierlala (oerlis | bydragen)
Rigel 3:
Haersma van Vierssen wie in soan fan mr. Martinus van Vierssen en Johanna Maria van Haersma. Syn mem is in dochter fan Hektor Livius fan Haersma, ek grytman fan Smellingerlân, en Katarina fan Scheltinga, wenjend op [[Grut Haersmastate|Great Haersmastate]]. Hy troude op [[22 maart]] [[1812]] mei Gezina Wilhelmina van Swinderen (1792-1836), berne yn [[Noarddyk]] yn [[Grinslân]], dochter fan Wicher Oncko van Swinderen en Chatharina Mechlina van Coevorden; harren houlik waard yn 1824 ûntbûn. Hoewol't syn fan formeel 'Van Vierssen' wie, neamde hy him 'Haersma van Vierssen'. Mei syn ferstjerren yn [[1839]] stoar de famyljeline fan de Haersma's út.
 
Hy waard lid fan de munisipale ried, [[maire]] ([[1812]]) en letter [[skout]] yn [[Aldegea (Smellingerlân)|Aldegea]] ([[1816]]), dêr't hy wenne op [[Grut Haersmastate]]. Nei [[1815]] in skoft lid fan de [[Provinsjale Steaten fan Fryslân|Steaten fan Fryslân]] west te hawwen, waard er yn [[1816]] beneamd as [[grytman]] fan [[Smellingerlân]]. Hy wie yn 1816 nei de [[Frânske Tiid]] de earste grytman fan [[Smellingerlân]], en dêrmei feitliks de opfolger fan syn pake mr. [[Hector Livius van Haersma]], dy't yn 1795 ôfsetten wie. Yn 1832 waard hy op syn fersyk earfol ûntslein troch [[Willem I fan de Nederlannen|kening Willem I]]. Syn opfolger waard [[Maurits Pico Diderik van Harinxma thoe Slooten|M.P.D. van Harinxma thoe Slooten]]
Hy ferstoar op [[Haersmastate (Aldegea)|Haersmastate]] yn Aldegea, sy yn [[Grins (stêd)|Grins]] op [[25 novimber]] [[1836]], yn 'e âlderdom fan 49 jier.