Wilco Holdinga Lycklama à Nijeholt: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
Rigel 4:
Wilco wie de tredde soan fan jhr. T.M. Lycklama à Nijeholt en E.H. thoe Schwartzenberg en Hohenlandsberg. Hy waard luitenant by de lichte dragonders en krige op fersyk yn [[1830]] ûnstlach út de militêre tsjinst. It wie de bedoeling om syn ferstoarne broer Aug. Georg op te folgjen as [[grytman]] fan [[Utingeradiel]]. Hy waard op [[21 maart]] 1830 ek beneamd, syn plak wie oardel jier iepenholden. Yn 1831 die er as kapitein fan de skutterij mei oan de [[Tsiendeiske Fjildtocht]]. Al op [[1 juny]] [[1824]] wie hy as militêr, troch de ridderschap fan de gritenij East-Stellingwerf ta lid fan de Fryske Steaten keazen, mar troch it stadichoan reglemintêr ferminderjen fan it tal leden fan 84 op 54 foel hy by de ferkiezing op [[1 juny]] [[1827]] ynearsten ôf. Op 1 juny 1830 waard hy dochs troch de hiele ridderskip fan Fryslân opnij keazen. Op [[3 novimber]] [[1845]] waard er lid fan de Twadde Keamer. Hy hearde ta de konservative partij, mar feriene him mei de grûnwetswersjenning, op twa haadstikken nei, dy't er om redenen fan detail ôfstimde.
 
By de ferkiezings fan de [[Twadde Keamer]] ein [[1848]] waard er lid fan de [[Provinsjale Steaten fan Fryslân|Steaten fan Fryslân]]. Op [[8 juny]] [[1858]] kaam er as konservatyf kandidaat foar it distrikt Snits wer yn de Twadde Keamer. By syn reglemintêre ôftreden yn [[1862]], doe't Fryslân wer liberaal wurden wie, waard hy by werkeazen, trochdat hy de roomske liberaal Jongstra foar him oer stean hie. Yn [[1866]] gie er út de Keamer en op [[12 juny]] [[1867]] naam er ûntslach as boargemaster. Hy wie lange tiid bestjoerslid fan de kontribúsje-Himmelumer Aldefurds seediken.
 
Wilco boaske op [[9 juny]] [[1832]] mei Jeanne Henriette van Vloten, ([[10 desimber]] [[1810]] - [[27 oktober]] [[1881]]). It houlik bleau sûnder bern.