Frysk: ferskil tusken ferzjes
Content deleted Content added
L red |
|||
Rigel 149:
[[File:Afûk logo 185jpg.jpg|right|thumb|200px|It logo fan 'e [[Afûk]].]]
Boppedat kaam yn [[1962]] ek de [[Fryske Nasjonale Partij]] (FNP), dy't de Fryske belangen yn 'e [[polityk]] behertigje moast, út 'e Ried fuort. Sûnt [[1966]] is de op 'e measte mêden loftse FNP fertsjintwurdige yn 'e [[Provinsjale Steaten fan Fryslân]]. Hoewol't it nea ien fan 'e gruttere partijen wurden is, kaam de FNP allegeduerigen op foar de Fryske taal en kultuer en – wat wichtiger wie – hie syn oanwêzigens yn 'e Steaten in net te ûnderskatten bystjoerende ynfloed op it belied fan 'e oare partijen. Mei yn 't earstoan de wolbespraakte [[Jan Bearn Singelsma]] as lieder, wûn de FNP yn [[1966]] ien fan 'e 55 sitten yn 'e [[Provinsjale Steaten fan Fryslân|Fryske Steaten]] en troch de jierren hinne is de oanhing stabyl bleaun, mei ornaris twa of trije sitten, al is der sûnt [[1999]] in opgeande line te bespeuren. Yn [[2011]] kaam de partij foar it earst yn it provinsjaal bestjoer te sitten.
Fierders binne der ek guon frysksinnige organisaasjes dy't net drekt ferbûn binne mei de Ried fan de Fryske Beweging. Tige wichtich foar it behâld fan 'e Fryske taal is bygelyks de [[Algemiene Fryske Underrjochtskommisje]], better bekend as de Afûk. Dy fersoarget al sûnt [[1924]] net allinne it lesmateriaal foar it Frysk as fak op 'e [[basisskoalle|basis]]- en [[middelbere skoalle]]n, mar organisearret ek [[folwoeksenenûnderwiis]] yn it Frysk, foar sawol Frysktaligen as net-Frysktaligen. Ek foaroan by it Frysktalich ûnderwiis stiet de [[Stifting Pjutteboartersplak]], dy't ferskate Frysktalige [[pjutteboartersplak]]ken yn 'e provinsje organisearre hat. En fierders is der noch it [[Frysk Ynternasjonaal Kontakt]], in jongereinferiening dy't as doel hat kontakten te lizzen mei oare minderheiden yn [[Jeropa]].
Rigel 266:
===Yn it bestjoer en it rjochtsferkear===
====Offisjele status en rjochtsjildigens====
It Frysk hat sûnt [[1956]] yn 'e provinsje Fryslân in offisjele status dy't gelyk is oan dy fan it [[Nederlânsk]]. Yn dat jier waard yn it ''Steatsblêd 1956, 242'' in begjin makke mei it formeel tastien gebrûk fan it Frysk yn it [[rjocht]]sferkear. In útwreiding dêrop waard 39 jier letter fêstlein yn it ''Steatsblêd 1995, 440''. Hoewol't it fansels yn 'e praktyk al lang barde, krigen de [[Friezen]] doe wetlik it rjocht om harren taal yn gearkomsten fan [[gemeenterie]]den en de [[Provinsjale Steaten fan Fryslân|Fryske Steaten]] te brûken. Yn [[1997]] waarden fierders by wet de mooglikheden om it Frysk yn 'e rjochtseal te brûken, ferromme, sadat no ûnder mear ek it [[Iepenbier Ministearje]] en de [[rjochterlike macht]] dêr Frysk brûke meie.
De ynwenners fan Fryslân kinne sûnt jier en dei yn it Frysk mei de gemeentlike en provinsjale oerheden kommunisearje en korrespondearje. De provinsje en guon gemeenten hawwe der in beliedspunt fan makke om mear Frysk te brûken by it opstellen fan offisjele dokuminten. Troch in stikmannich wetswizigings binne sokke Fryske stikken no yn hast alle gefallen rjochtsjildich. Ien fan 'e lêste útsûnderings dêrop wiene de [[feriening]]sstatuten, mar sûnt [[2002]] kinne dy ek yn it Frysk opsteld wurde. [[Trou-akte|Trou]]- en [[berte-akte]]n binne hjoed de dei yn alle Fryske gemeenten twatalich beskikber.
|