Steaten fan Fryslân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Pierlala (oerlis | bydragen)
korr. [[]]
Rigel 1:
[[Ofbyld:Leeuwarden - Landschapshuis.jpg|thumb|''It [[Lânskipshûs]], lange tiid plak fan gearkomste om temin romte yn it [[Provinsjehûs fan Fryslân|Steatehûs]].'']]
De '''Steaten fan Fryslân''' binne de folksfertsjintwurdigers dy't nei ûngefear [[1500]] it bestjoer en wetjouwing regelje yn [[Hearlikheid Fryslân|Fryslân]]. De namme Steat komt fan it wurd 'status' of 'stân'. De Steaten besteane út ôffurdigen fan bepaalde stannen (fgl. de 'hegere stannen'). De Steaten fan Fryslân hawwe sit yn [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]].
 
Nei de [[opstân]], yn 'e tiid fan de [[Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen|Republyk]], ferlear de [[geastlikheid]] har stim yn de Steaten. De trije [[kertieren fan Fryslân]]: [[Eastergoa]], [[Westergoa]] en [[Sânwâlden]] beholden harren stim en de [[Fryske stêden#Alve stêden|alve Fryske stêden]] krigen nei [[1578]] mei-inoar ien stim. In [[kolleezje fan Deputearre Steaten]] waard yn [[1577]] ynsteld en hie it [[Bestjoer|deistich bestjoer]] yn hannen. In nije kommisje, it ''[[Mindergetal]]'', rôp de Steaten gear en makke de aginda en resolúsjes.