Steaten fan Fryslân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
korr. [[]]
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 1:
[[Ofbyld:Leeuwarden - Landschapshuis.jpg|thumb|''It [[Lânskipshûs]], lange tiid plak fan gearkomste om temin romte yn it [[Provinsjehûs fan Fryslân|Steatehûs]].'']]
[[Ofbyld:H. Wenzel - Gesicht op it Steatehûs Ljouwert, 1783.jpeg|thumb|''It [[Provinsjehûs fan Fryslân|Steatehûs]], stie wyls bekend as 'Het Collegie'.'']]
De '''Steaten fan Fryslân''' binne de folksfertsjintwurdigers dy't nei ûngefear [[1500]] it bestjoer en wetjouwing regelje yn [[Hearlikheid Fryslân|Fryslân]]. De namme Steat komt fan it wurd 'status' of 'stân'. De Steaten besteane út ôffurdigen fan bepaalde stannen (fgl. de 'hegere stannen'). De Steaten fan Fryslân hawwe sit oan de Twibaksmerk yn [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]].
 
Nei de [[opstân]], yn 'e tiid fan de [[Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen|Republyk]], ferlear de [[geastlikheid]] har stim yn de Steaten. De trije [[kertieren fan Fryslân]]: [[Eastergoa]], [[Westergoa]] en [[Sânwâlden]] beholden harren stim en de [[Fryske stêden#Alve stêden|alve Fryske stêden]] krigen nei [[1578]] mei-inoar ien stim. In [[kolleezje fan Deputearre Steaten]] waard yn [[1577]] ynsteld en hie it [[Bestjoer|deistich bestjoer]] yn hannen. In nije kommisje, it ''[[Mindergetal]]'', rôp de Steaten gear en makke de aginda en resolúsjes.