Haadmenu iepenje

Changes

L
oanf
| webside = noch gjint
}}
'''Noardeast-Fryslân''' (offisjeel [[Frysk]]; [[Nederlânsk]]: ''Noordoost-Friesland'') is in takomstige [[gemeente (bestjoer)|gemeente]] yn it [[noardeasten]] fan [[Fryslân]]. Dizze gemeente sil ûntstean op [[1&nbsp;jannewaris]] [[2019]], as de hjoeddeistige gemeenten [[Dongeradiel]], [[Ferwerderadiel]] en [[Kollumerlân]] ta ien nije [[bestjoer]]like ienheid fúzjearje sille.<ref>[https://www.kollumerland.nl/actueel/nieuws_3195/item/noardeast-fryslan-nieuwe-gemeentenaam-dfk_10213.html ''Noardeast-Fryslân nieuwe gemeentenaam'', op de gemeentlike webside fan Kollumerlân.]</ref>
 
==Namme==
{{Wurk}}
De [[namme]] 'Noardeast-Fryslân' waard op [[30 maart]] [[2017]] fêststeld troch de [[gemeenteried]]en fan [[Dongeradiel]], [[Ferwerderadiel]] en [[Kollumerlân]], nei't dêroer in [[referindum]] holden wie ûnder de ynwenners fan 'e trije gemeenten. By dy folksriedplachting waarden trije nammen oan it [[elektoraat]] foarlein; de oare beiden, dy't it ôfleine tsjin 'Noardeast-Fryslân', wiene 'Dokkumerlân' en 'Ie- en Lauwerslân'.
 
==Plakken==
De gemeente Noardeast-Fryslân sil bestean út ien [[stêd]] ([[Dokkum]]) en 52 [[doarp]]en (offisjele wenkearnen). Dokkum sil fierwei it grutste plak wêze en fanwegen syn min ofte mear sintrale lizzing sil it ek it [[haadplak]] en [[bestjoer]]ssintrum fan 'e nije gemeente wurde.
 
==Foarskiednis==
Oarspronklik wie it de bedoeling dat behalven [[Dongeradiel]], [[Ferwerderadiel]] en [[Kollumerlân]] ek de gemeente [[Dantumadiel]] opgean soe yn Noardeast-Fryslân. De neamde fjouwer gemeenten fúzjearren dêrta op [[amtner|amtlik]] nivo op [[1 jannewaris]] [[2017]]. Dantumadiel loek him lykwols letter werom út 'e plande [[bestjoer]]like fúzje.<ref>[http://www.nieuwedockumercourant.nl/nieuws/55404/inwoners-dantumadiel-denken-mee-over-nieuwe-burgemeester/ {{Aut|Kommerie, J.}}, ''Inwoners Dantumadiel denken mee over nieuwe burgemeester'', yn: de ''Dokkumer Krante'', 19 april 2017.</ref> Dantumadiel sil no nei de foarming fan Noardeast-Fryslân tsjinsten ôfnimme by de nije fúzjegemeente sûnder sels in op 'e nij amtlik apparaat op te bouwen.
 
==Taal==
Yn Noardeast-Fryslân sille behalven [[Frysk]] en [[Nederlânsk]] ek twa [[Stedsk]]e [[dialekt]]en ([[Dokkumersk]] en [[Kollumersk]]) sprutsen wurde, mei dêropta twa [[Nedersaksysk]]e [[dialekt]]en, ntl. [[Kollumerlânsk]] en [[Pompstersk]].
 
{{boarnen|boarnefernijing=
<references/>
----
{{commonscat|Noardeast-Fryslân}}
}}
 
[[Kategory:Noardeast-Fryslân| ]]
[[Kategory:Gemeente yn Fryslân]]
[[Kategory:Dongeradiel]]
[[Kategory:Ferwerderadiel]]
[[Kategory:Kollumerlân]]
[[Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 2019]]