Reaklif: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
L red
Rigel 7:
Oer it ûnstean fan it Reaklif diene earder ferskate mites de rûnte. Neffens guon hie op it plak fan it klif yn de oertiid in fulkaan stien, neffens oaren hie de reade kleur fan it klif te meitsjen mei in fjoerspuiende draak dy't dêr op [[21 juny]] altyd út de grûn kaam. Yn de omkriten fan it klif giet noch altyd it sechje dat tongerbuien boppe it Reaklif yn twaën brekke.
 
Op it Reaklif stiet sûnt [[1951]] in [[monumint]] ta oantinken oan de [[Slach by Warns]] dy't yn dy omkriten yn [[1345]] plakfûn hat. Dat bestiet út in 14&nbsp;ton swiere [[stien]], suver in [[rots]]blok eins, op in [[fuotstik]]. Op 'e stien stiet de [[tekst]]: ''1345 - leaver dea as slaef''.<ref>[http://www.dekrantvantoen.nl/vw/article.do?code=LC&date=19510925&id=LC-19510925-3001 ''Weerbarstige Steen'', yn: de ''Ljouwerter Krante'', 25 septimber 1951.]</ref> De stien wie skonken troch de [[kommunist]] [[Gerrit Roorda]] fan [[De Tynje]].<ref>{{Aut|[[Klaas Jansma|Jansma, Klaas]]}}, ''Friesland en Zijn 44 Gemeenten'', Ljouwert, 1981 (Frysk Deiblêd), ISBN 9 06 48 00 154, s. 32.</ref> Op it klif fynt alle jierren op [[26&nbsp;septimber]] of dêromtrint de offisjele [[Betinking fan dy Slach by Warns]] plak.
 
It Reaklif hat yn de rin fan de tiid troch ferskate keunstners ynspirearre. Sa hat de dôve keunstskilder [[Eelke Jelles Eelkema]] it rûge oansjen fan it klif yn [[1820]] ferivige. En yn [[1901]] naam [[dichter]] [[Jan Linses van der Burg]] in ferwizing nei Reaklif op yn syn ''[[It Heitelân (liet)|It Heitelân]]'', dat wol it 'alternative Fryske folksliet' neamd wurdt: ''Dêr't Reaklif sa swietkes lonket ''/'' yn 'e jûntiids-sinneskyn''.