Slach by Warns: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 44:
== Betinking ==
[[Ofbyld:Reaklif boerd.JPG|thumb|250px|Ynformaasjeboerd op it Reaklif]]
{{Apart|Betinking fan de Slach by Warns}}
Neffens de Frjentsjerter heechlearaar en Frysk skiedskriuwer [[Pier Winsemius]] (1586-1644), hawwe de Friezen de 26e septimber ta eare fan Maria ynsteld as tank foar de behelle oerwinning op de greve: ''Us Frysk Ljeaffrouwedei''. Mei de komst fan Albrecht fan Saksen yn 1498 wurdt dat tsjerklik feest ferbean en ek ûnder it regear fan [[Karel V fan it Hillige Roomske Ryk]] bliuwt dat sa.
 
De moderne betinking[[Betinking fan de Slach by Warns]] wurdt sûnt 1945 holden. Yn de tritiger jierren fan de 20e iuw kaam it idee op om in nasjonale Fryske tinkdei te organisearjen. Nei de [[Twadde Wrâldkriich]] hat dat syn beslach krigen op it Reaklif. Pas op 26 septimber 1945 – 600 jier nei de Slach út 1345 – slagget it om op it Reaklif in „bewegingsdei‟ te organisearjen op oanstean fan de krekt oprjochte [[Ried fan de Fryske Beweging]]. Yn 1951 keapet de dêrfoar oprjochte ‟Stifting Slach by Warns‟ in stik lân op it Reaklif om dêr in monumint op sette te kinnen. It jild wurdt byinoar helle troch it útjaan fan keapbewizen foar ƒ 2,50 de kante meter. Mei ynset fan frijwilligers by de bou fan it monumint – neffens plan en tafersjoch fan arsjitekt Arjen Witteveen – kin yn 1952 de betinking by de stien holden wurde.<ref>Tom Dykstra, ''De betinking ‘Slach by Warns’ betocht'', yn [[Swingel]] 28, siden 5 oant en mei 8</ref><ref>[[Frysk Deiblêd]]: [http://www.frieschdagblad.nl/index.asp?artID=51830 Der wurdt wol tocht dat dy stien der al iuwen leit]</ref> Grif sille in soad minsken by it hearren fan de Slach by Warns fuortendaliks tinke oan de rigel ''leaver dea as slaef''. Dy rigel is te finen op de tinkstien.
 
De betinking fan de Slach by Warns wurdt noch alle jierren op de lêste sneon fan septimber betocht. By de betinking hearre muzyk en sprekkers. De ûnderwerpen fan de sprekkers binne ornaris taal, ûnderwiis, taalbelied, desintralisaasje en demokrasy.