Wûnseradiel: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 23:
 
== Skiednis ==
Wûnseradiel is ûntstien út [[WildingeWildinghe]], ien fan de lannen fan [[Westergoa]], dat sels tebekgiet oant yn 'e [[14e iuw]] of mooglik noch earder. It hjit nei Wûns, nei alle gedachten om't it it rjochtsgebiet fan de [[Wûnzer werstâl]] wie. Yn de rin fan de tiid is de stêd [[Boalsert (stêd)|Boalsert]] fan dit gebiet ôfskieden. Letter is noch mear gebiet by Boalsert foege.
 
Dit gebiet is al sûnt de terpetiid bewenne; der hawwe grûnfyndsten wêst út de lêste iuwen foar Kristus. Earst wie dit [[terp]]bewenning, mar yn de [[10e iuw]] waard begûn mei de oanlis fan [[dyk|diken]], lykas de [[Penjumer halsbân]]. Stadichoan waarden de slinken fan de [[Marne]] ôfsletten, en foarme him it hjoeddeiske gebiet. Op de ein fan de [[19e iuw]] binne noch de trije grutte marren yn de gemeente ynpoldere: de [[Makkumer Mar]], de [[Parregeaster Mar]] en de [[Warkumermar|Warkumer Mar]]. Yn [[1970]] waard der in marreplan foar dizze marren presintearre, mar dat is net trochgongen. Fan de dyk tusken [[Koarnwert]] en [[Surch]] is yn [[1928]] it earste stik fan de [[Ofslútdyk]] oanlein; by de oanlis fan de dyk ûntstienen ek de doarpen [[Breesândyk]] en [[Koarnwertersân]].