Wûnseradiel: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L nije ynfoboks, + by de tiid brocht
L red
Rigel 51:
Dit gebiet is al sûnt de terpetiid bewenne; der hawwe grûnfyndsten wêst út de lêste iuwen foar Kristus. Earst wie dit [[terp]]bewenning, mar yn de [[10e iuw]] waard begûn mei de oanlis fan [[dyk|diken]], lykas de [[Penjumer halsbân]]. Stadichoan waarden de slinken fan de [[Marne]] ôfsletten, en foarme him it hjoeddeiske gebiet. Op de ein fan de [[19e iuw]] binne noch de trije grutte marren yn de gemeente ynpoldere: de [[Makkumer Mar]], de [[Parregeaster Mar]] en de [[Warkumermar|Warkumer Mar]]. Yn [[1970]] waard der in marreplan foar dizze marren presintearre, mar dat is net trochgongen. Fan de dyk tusken [[Koarnwert]] en [[Surch]] is yn [[1928]] it earste stik fan de [[Ofslútdyk]] oanlein; by de oanlis fan de dyk ûntstienen ek de doarpen [[Breesândyk]] en [[Koarnwertersân]].
 
De [[gritenij]] Wûnseradiel waard yn [[1851]] in [[gemeente (bestjoer)|gemeente]] nei de ynfiering yn Nederlân fan de [[gemeentewet]] fan [[Thorbecke]]. Op [[1 jannewaris]] [[2011]] fúzjearre Wûnseradiel mei de gemeenten [[Boalsert (gemeente)|Boalsert]], [[Nijefurd]], [[Snits (gemeente)|Snits]] en [[Wymbritseradiel (1984-2011)|Wymbritseradiel]] ta de nije gemeente [[Súdwest-Fryslân]].
 
== Plakken ==
Rigel 58:
 
== Gebiet ==
Wûnseradiel leit tusken yn it noarden [[Harns (gemeente)|Harns]] en [[Frjentsjerteradiel]], yn it easten [[Littenseradiel]], Boalsert en [[Wymbritseradiel (1984-2011)|Wymbritseradiel]], yn it suden [[Nijefurd]], en yn it westen [[Noard-Hollân]]. It westlik part fan dit gebiet is it part fan de Ofslútdyk dat yn [[Fryslân]] leit en in stik fan it [[Iselmar]] súd dêrfan. Oer de Ofslútdyk, en troch it noardlik part fan de gemeente rint de [[A7]]. Súdliker ferbynt it [[Van Panhuyskanaal]] Makkum, oan de Iselmarkust, mei de [[Warkumer Trekfeart]] dy't troch it súdeasten fan de gemeente rint.
 
== Befolkingsûntwikkeling ==