Harns (gemeente): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije ynfoboks + by de tiid brocht
L red
Rigel 59:
By de grutte [[gemeentlike weryndieling]] fan [[1984]] koe de gemeente Harns fierder útwreidzje en kaam it doarp [[Winaam]], dat earder ta [[Barradiel]] heard hie, derby te hearren. Fierders krige Harns doe ek in grutte stripe [[plattelân]] (sûnder doarpen) yn it easten derby, besteande út gebiet dat earder ta de [[Ferjentsjerteradiel (1851-1984)|âlde gemeente Frjentsjerteradiel]] heard hie.
 
Yn 'e jierren [[2010]] wie der lange tiid sprake fan dat Harns mei [[It Bilt]], [[Frjentsjerteradiel (1984-2018)|Frjentsjerteradiel]], [[Menameradiel]] en in stikmannich doarpen fan [[Littenseradiel]] opgean soe yn 'e nije fúzjegemeente [[De Waadhoeke]], dy't op [[1 jannewaris]] [[2018]] ûntstiet. Uteinlik besleat de [[gemeenterie]] fan Harns dêr lykwols fan ôf te sjen en selsstannich te bliuwen, net yn it lêste plak om't it dúdlik wie dat it gemeentehûs fan 'e nije gemeente yn [[Frjentsjer]] komme soe, wat foar in protte Harnzers min te ferkropjen wie mei it each op 'e tradysjonele rivaliteit tusken de beide stêden. Koartsein wie Harns gjin "''Franeker an see''" wurde.<ref name="joustra">{{Joustra|Wio}}, ''Franeker de geest, Harlingen de pret'', yn: de ''Ljouwerter Krante'', 23 april 2011, taheakke ''Sneon en Snein'', s. 10.</ref>
 
==Kultuer==
Yn 'e gemeente Harns wurdt njonken [[Frysk]] en [[Nederlânsk]] ek [[Stedsk]] sprutsen, nammentlik it [[Harnzersk]]e [[dialekt]]. [[Simmer]]deis wurde de [[Harnzer Fiskerijdagen]] holden, mei aktiviteiten as [[tobbedûnsjen]], [[wrikken]] en foarstellings fan [[poadiumkeunsten]].
 
==Demografy==