Menameradiel: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L + wat foto's
Rigel 56:
== Skiednis ==
Yn it gebiet fan Menameradiel wie al yn 'e [[trêde iuw f.Kr.]] [[terp]]bewenning. Der binne dan ek in protte [[argeology]]ske fynsten dien, wêrûnder [[kremaasje]]resten út 'e [[Romeinske Tiid]], [[urne]]n en [[pot]]ten út 'e [[Iere Midsiuwen]] en, yn [[Dronryp]], in [[goud]]skat fan fjirtich [[munt]]stikken út 'e [[sânde iuw]].<ref name="neff-1791/> Yn 'e [[Midsiuwen]] foarme Menameradiel de noardeastpunt fan [[Westergoa]], dêr't de [[Middelsee]] oergie yn 'e [[Waadsee]]. Yn 'e tiid om [[1100]] hinne is dêr de [[Hegedyk]] oanlein, dy't Westergoa beskerme tsjin 'e [[see]].
[[File:Wegverbetering Dronrijp-Baijum door terp van D. Dijkstra, Hatzum, 16 juli 1934.jpg|left|thumb|250px|Wurk oan 'e wei by [[Hatsum]], tusken [[Dronryp]] en [[Baaium]], [[16 july]] [[1934]].]]
 
Oarspronklik hearde Menameradiel binnen Westergoa ta it distrikt fan [[Frjentsjer]]. Doe't dat yn 'e rin fan 'e [[fjirtjinde iuw]] útinoar foel, ûntjoech Menameradiel him ta in selsstannige [[gritenij]], dy't yn [[1401]] foar it earst yn in histoaryske boarne as sadanich neamd wurdt. Mei it tichtslykjen en ynpolderjen fan 'e Middelsee krige Menameradiel der eastlik fan 'e Hegedyk de [[Nijlannen]] by, mar it grutste part dêrfan heart hjoed de dei ta de gemeente [[Ljouwert (gemeente)|Ljouwert]].